Foppe de Haan fynt rol Noppert ûnderskat: "Bijlow is like goed, mar Andries is twa koppen grutter"

Andries Noppert en Foppe de Haan © ANP / Omrop Fryslân
De haadrol dy't Andries Noppert spilet op dit WK, fernuveret Hearrenfean-ikoan Foppe de Haan gjin momint. Neffens de trainer fergruttet in goede Noppert de kâns op de wrâldtitel.
Mei Noppert hawwe Friezen foar it earst sûnt lange tiid in Fryske held yn it Nederlânsk alvetal: "Dat is yn it earste plak moai foar Andries, mar foar Fryslân is it ek fantastysk. As ik earne kom en je begjinne oer it fuotbal, dan begjinne se oer Andries. Andries is in moaie Fries. Hy hat de kenmerken dêr't wy fan fine dat se typysk Frysk binne. Prachtich."
Mei Andries Noppert op goal spilet Nederlân freedtejûn op it WK tsjin Argentinië. De wedstriid yn de kwartfinale begjint om 20.00 oere.
Noppert falt posityf op mei syn prestaasjes, mar dat fynt De Haan gjin grutte ferrassing: "Ik wie dêr sels gjin momint bang foar, want ik fyn dat er yn de perioade by Hearrenfean fantastysk keepte. Doe't se my fregen wa't de earste keeper wurde soe, hie ik al sein: 'As ik de baas bin, dan kies ik Andries.' Absolút!"
Wêrom? "Hy hat balgefoelige fingers, kin mei de fuotten hiel wat en hy hat syn lingte mei. Bijlow fan Feyenoord is foar myn gefoel like goed, mar Andries is twa koppen grutter. Dat is net ûnbelangryk. Dêrneist hat er lef. Hy doart derút en is net bang om in foutsje te meitsjen."
Noppert hat ûnderfining yn it libben. Dat jout mear rêst as hûndert earedivyzjewedstriden.
Foppe de Haan
Wêr't it talint altyd ferstoppe bleaun is? "Talint hie er altyd al. Hy wist net presys wat er woe, wie dêrom wat wikselfallich. Hy is eins te betiid fuortgien. Op syn achttjinde ferhuze er al nei NAC. Hy hie miskien ek net de saakwaarnimmer dy't him rjochte op de ûntwikkeling fan in spiler."
Uteinlik is Noppert nei de Italiaanske Serie B gean, nei de klup Foggia: "Dat wie in hiel ferkearde transfer. Mar dêr hat er eins ek wol profyt fan. Dêrtroch is er ek wa't er is, omdat er libbensûnderfining hat. Ik hie it dêroer mei Kees van Wonderen. Dy seit dat Andries net in soad ûnderfining hat. Ik sei: 'Hy hat ûnderfining yn it libben. Dat jout miskien wol folle mear rêst as dat er hûndert wedstriden op earedivyzjenivo keept hat."

Feansters yn 'e basis

It Nederlânsk alvetal hat in aardich Hearrenfean-sauske. Neist Noppert stean ek âld-Feansters Denzel Dumfries en Marten de Roon yn de basis.
Denzel Dumfries en Marten de Roon yn de WK-wedstriid tsjin Ekwador © Orange Pictures
De Haan: "Dumfries is ek in moai ferhaal. Dat is in ferrekt aardige jonge. Hy hat syn ûntwikkeling trochset op in manier dy't minsken net foarsjoen hiene. Riemer (van der Velde, red.) en ik hawwe in kear mei him praat. Riemer sei doe tsjin him: 'Do wurdst in echte goede, moatst trochsette. Do hast it yn dy.'"
"Fan De Roon hie ik noait tocht dat er dit koe. Hy is der wol by. Dat is eins ek hiel moai foar de klup. It lit sjen dat se goed each hawwe foar talint en dat se de mooglikheid sjogge dat de spilers har ûntwikkelje kinne."

In goede kop

Noppert, Dumfries en De Roon hawwe neffens De Haan deselde kwaliteit: "Der sit in goede kop op. Se hawwe drive en kinne har konsintrearje op in doel. Dan kinne je hiel faak krekt wat mear as dat je tinke. Dat litte se no sjen."
Andries Noppert © ANP
De Haan kin net foarsizze hoefier't it Nederlânsk alvetal komme kin: "It binne altyd de mominten dy't it bepale. Se spilen tsjin Amearika de earste helte ek min, mar it waard wol 2-0. Dat kaam troch twa fantastyske oanfallen, dat bepaalt it."
"Je kinne ek briljant spylje, lekker de bal gean litte en nei in counter stiet it 1-0 foar de tsjinstanner. As op it goede momint de bal falt dêr't er falle moat, dan is it klear. Dat dogge se knap."

In goede keeper jout fertrouwen

"Hoe fierder oftst komst, hoe dreger oft it wurdt. Argentinië is in hartstikkene goede ploech, mar wy binne ek wol aardich. Wy binne hiel deegik en stabyl. Wy jouwe net in soad kânsen fuort."
"Ik sei tsjin myn frou: ast in goede keeper hast, dan hast fertrouwen. De keeper hat in gruttere rol as eartiids. Earder wie dat in balkearder, no hat er in soad ferskillende taken. Dat wurdt ûnderskat. Dus ik hoopje dat Noppert it goed docht. Dan hawwe wy in goede kâns."