Grutte oerkaping brânt ôf yn Drachtster tún

De brân wie achter in hûs oan de Kletsterlaan © ProNews
By in brân yn in tún yn Drachten is freedtemoarn betiid in grutte oerkaping ôfbrând. De brânwacht skaalde grut op, omdat de oerkaping ticht by oare skuorkes stie.

It wie in foarse útslaande brân, meldt de brânwacht. Dêrby kaam ek in soad reek frij. De dyk waard foar in part ôfsletten.

Nei in goed healoere wie de brân ûnder kontrôle. Oer de oarsaak derfan is noch neat bekend.