Rekôr Frysk praten yn de Twadde Keamer: "Dit is in histoaryske dei yn de Fryske skiednis"

Romke de Jong oan it wurd by it debat © ANP
In bysûnder momint tongersdei yn de Twadde Keamer: fan alle kanten klonk de Fryske taal troch de fergaderseal. Yn in twaminutedebat oer it nij op te stellen Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK) kaam in ferskaat oan ûnderwerpen foarby.
It debat wie oanfrege troch D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk en Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. De Jong konkludearre dat it rekôr Frysk praten yn de Twadde Keamer ferbrutsen wie.
"It fielde hearlik. Moai om te sjen dat oare Keamerleden harren bêst dien hawwe. It makket my grutsk dat safolle minsken besocht hawwe om it Frysk te sprekken", seit hy.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer it debat
Op de publike tribune sieten tal fan promininten út de provinsje. Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok wie derby as gast fan Keamerfoarsitter Vera Bergkamp. Dy lêste waard troch de politisy konsekwint oansprutsen mei 'foarsitter'.
Ien fan de oanwêzigen op de publike tribune wie Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar. Hy fûn it in gloarjedei foar alle minsken dy't Frysk prate. "Dit is in histoaryske dei yn de Fryske skiednis. Folle wichtiger as wat hjir besluten wurdt, is dat we it prate mei elkoar, dat wy deryn sjonge, deryn lêze, deryn skriuwe. Dêr giet it om."
Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar © Gerhard Taatgen
Yn it debat stie it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer sintraal. Oer in jier moat der in nije ferzje fan dat akkoart lizze. Yn totaal binne njoggen foarstellen presintearre om yn it akkoart mei te nimmen.

Fan soarchrobot oant Kommisje-Frysk

De ûnderwerpen fariearren fan in soarchrobot dy't de Fryske taal machtich is (Stieneke van der Graaf, ChristenUnie) oant in spesjale Kommisje-Frysk (Harry Bevers, VVD), wêryn't it Ryk en en minsken út de provinsje geregeld prate oer kwestjes oangeande de Fryske taal en kultuer.
De Fryske keamerleden liezen de moasjes yn it Frysk foar en joegen oanslutend in Nederlânske oersetting. De Keamerfoarsitter fûn dat prima en se like it ek wol aardich te finen.
Op it stuit binne der fiif Fryske Twadde Keamerleden. Habtamu de Hoop fan de PvdA wie behindere en koe dus net meidwaan oan it debat. Hy waard ferfongen troch fraksjefoarsitter Attje Kuiken.
Der wienen ek net-Fryske Keamerleden dy't meidienen, bygelyks Peter Kwint fan de SP en Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. Sels it Ljouwerter Keamerlid Harry Bevers hat yn bydrage yn it Frysk dien.
Ik zal heel eerlijk zijn: dit is de eerste keer dat ik me überhaupt publiekelijk in het Fries heb uitgesproken.
In primeur foar Harry Bevers
Bevers praat gewoanwei gjin Frysk. "Ik zal heel eerlijk zijn: dit is de eerste keer dat ik me überhaupt publiekelijk in het Fries heb uitgesproken. Het was heel erg leuk om te doen. Ik heb er wel even op geoefend", jout er ta.
Neffens Bevers stiet de ynhâld lykwols wol foarop, it debat gie wol earne oer. "Het is goed dat we ons regelmatig in Den Haag laten zien. Er wordt soms wel gedaan alsof het Fries iets van folklore is van boven Zwolle. Daar maak ik me zorgen over."
Wat dat oanbelanget, wie it tongersdei in goede dei foar de taal, fynt er. "Er is heel veel aandacht geweest voor dit debat in de pers. Hopelijk hebben we laten zien dat het voor Den Haag ook belangrijk is om over het Fries te praten."
Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) út Ljouwert
Minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken hat oan de measte moasjes it predikaat 'oordeel Kamer' jûn, dat betsjut dat se foarlein wurde oan de Keamer om deroer te stimmen. "Ik bin hiel bliid. De minister hat echt konstruktyf meitocht. Dat stipet ús yn ús wurk", seit Romke de Jong dêroer.
De minister sels fûn it in bysûnder debat. Se wie ûnder de yndruk fan it Frysk fan de Twadde Keamerleden. "En het is best wel uniek dat deze Kamer er in één debat in geslaagd is om op zoveel verschillende beleidsterreinen moties in te dienen", seit Bruins Slot.
Minister Hanke Bruins Slot oer it debat
De minister sil no mei de moasjes oan de slach. Dêryn nimt se mei dat "de Kamer heeft laten zien dat Fries ook de taal van hun hart is".