Biolooch en ûle-saakkundige Johan de Jong ferstoarn

Mear as 30 jier hie hy in natuerrubryk by de Omrop © Omrop Fryslân
Biolooch en ûle-saakkundige Johan de Jong is ferstoarn. De Jong hat syn hiele libben ûndersyk dien nei de tsjerkûle. Sûnder syn ynset wie de tsjerkûle sa goed as wis útstoarn yn Nederlân.
De Jong hie dêrnjonken mear as 36 jier in natuerrubryk by Omrop Fryslân op de radio. Hy is 81 jier âld wurden.

Natuerfraachbaak

De Jong wie foar in protte Friezen in natuerfraachbaak. Harkers fan it radioprogramma 'Op en Ut' bellen him op, as se in bysûndere waarnimming dien hiene. Ek nei't hy yn maaie 2021 ôfskied naam as radiomeiwurker, gongen de meldings troch.
De Jong hie al in oantal jierren problemen mei de sûnens. Ofrûne moandei moast er opnommen wurde yn it sikehûs. Woansdei 7 desimber is hy yn it bywêzen fan syn neisten ferstoarn.

Boeresoan en populêre dosint

Johan de Jong waard berne op in buorkerij yn de Folgeren by Drachten. As âldste fan trije bern moast er al op jonge âldens meihelpe op de buorkerij om't syn heit MS hie. Nei de kweekskoalle joech er koart les op in VLO-skoalle, wêrnei't er learaar biology waard oan it Drachtster Lyceum.
De Jong wie in belutsen en populêre dosint, dy't de bern in soad meinaam nei bûten ta. Hy brocht syn learlingen de leafde foar de natuer by. Njonken syn learaarskip die hy ûndersyk nei tsjerkûlen.
Nachtelang siet hy boppeyn boereskuorren om nêsten fan tsjerkûlen te observearjen. Letter sette hy der in kamera op, in hiele spesjale: mei in bysûndere lins, dy't hy liene mocht fan de âlde prins Bernard.
Johan de Jong siet hjir nachtelang yn © Omrop Fryslân
It bestudearjen en beskermjen fan de tsjerkûle (of: goudûle) waard syn libbenswurk. Hy wie fassinearre troch it libben fan de ûle - in libben dat him foaral nachts ôfspilet. Hy ferwûndere him der altyd oer hoe't dy fûgels yn it pikketsjuster har rêde kinne.

Rêdingsplan foar tsjerkûlen

De tsjerkûle waard yn de jierren santich mei útstjerren bedrige. Oer hiel Nederlân wienen der noch mar hûndert briedpearen, en yn Fryslân sels noch mar acht. De Jong begûn in rêdingsplan. Yn 1973 sette er mei de wurkgroep Tsjerkûlen Fryslân útein mei it pleatsen fan nêstkasten. Mei troch syn entûsjasme groeide it tal frijwilligers en sadwaande ek it tal tsjerkûlen.
Yn 1985 waard De Jong frege om lanlik koördinator te wurden, in taak dy't hy jierren ferfolje soe. Sûnder de ynset fan Johan de Jong wie de tsjerkûle sa goed as wis útstoarn yn Nederlân.

Natuerrubryk op de radio

Foar it earst wie Johan de Jong op 'e Fryske radio te hearren yn 1984, yn in reportaazje oer syn tsjerkûlen. De ûlen hiene yn finzenskip aaien lein en dat wie earder noch noait earne bard.
De Jong hâlde, earst op de souder fan it Drachtster Lyceum en letter thús, in pear ûlen. De reportaazje wie it begjin fan in natuerrubryk dy't alle wiken op de radio te hearren wie. Njonken allerhande natuerûnderwerpen behannele hy ek de natuerwaarnimmings fan harkers. De lêste jierren hie de rubryk in plakje yn it programma 'Op & Ut' op sneontemoarn.
Njonken it radiowurk en syn wurk foar de tsjerkûlen, wie er ek noch aktyf belutsen by de fûgelopfang 'De Fûgelhelling' yn Oerterp.

In trochsetter

As De Jong wat yn 'e holle hie, dan gie hy derfoar. It jilde foar alles dat hy die. Ek foar syn oare passy: sport. Hy tennisse op heech nivo, skopte it sels hast ta Frysk kampioen. Boppedat follyballe er fanatyk, ek letter noch yn it learareteam fan skoalle.
Dat learaar-wêzen siet yn him. Sa't hy sels sei: "Ik wol graach fan alles wat ik wit en wat ik sjoch, de minsken meigenietsje litte."
Syn kennis en kunde oer de natuer diele, die hy by withoefolle ekskurzjes en lêzingen, op skoalle, fia de radio en al skriuwend. Altyd op in entûsjaste wize, mei ien en al leafde foar de natuer.
De Jong skreau fjouwer boeken. Syn lêste boek ferskynde yn de simmer fan 2017, it is in grut neislachwurk oer de tsjerkûle.
It wurk dat Johan de Jong fersette foar de tsjerkûle wurdt ek lanlik en ynternasjonaal wurdearre. Sa is hy riddere, krige hy de Gouden Lepelaar en de Friese Anjer. Yn 2008 is hy opnommen yn de 'World Owl Hall of Fame'. In ynternasjonale ûnderskieding foar syn ynset foar de tsjerkûle.