'Blide fisken' by it Wadden Center op de Ofslútdyk binne ferdwûn

De blide fisken binne fuort; allinnich de befêstigings binne noch te sjen © Wouter van der Heij
Fiif metalen 'blide' fisken by it Wadden Center op de Ofslútdyk by Koarnwertersân binne poater. Dat meldt de Waadferiening. De fisken binne it symboal fan de fiskmigraasjerivier dy't no troch de dyk hinne oanlein wurdt.
Wouter van der Heij fan de Waadferiening tinkt dat it om in nijjiersstunt giet, mar as dat net sa is en de fisken bygelyks by in âldizerhannel oanbean wurde, hopet hy dat soks meld wurdt. Want hy wol sy wol werom.
Om dizze bylden giet it © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De fiskmigraasjerivier moat derfoar soargje dat fisken dy't tusken de Iselmar en de Waadsee hinne en wer swimme wolle dat ek dwaan kinne. Yn it stik migraasjerivier yn de Ofslútdyk binne koartlyn grutte rotsblokken dellein, sadat fisken yn de streaming dêrefter efkes bykomme kinne. Ek al is it de bedoeling om de fisken tusken swiet en sâlt wetter yn beweging te krijen. Dat jildt net foar de metalen eksimplaren op 'e dyk.

"Terugkeren naar hun geboortegrond"

"Blije vissen zijn migratievissen die uitstapjes maken, maar ook weer terugkeren naar hun geboortegrond", sa grapket Van der Heij. De inisjatyfnimmers hoopje mei de oanlis fan de earste fiskmigraasjerivier fan de wrâld ek mear minsken en ynstellings te ynspirearjen.
Mar op in nijjiersploech hawwe sy lykwols net rekkene. It nije jier wurdt no ôfwachte. Der is gjin oanjefte dien.