Autobrêge fan fearboat Harns-Skylge fuorttakele foar opknapbeurt

De autobrêge út de loft wei © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De autobrêge fan de fearboat fan Harns nei Skylge is tongersdei fuorttakele foar in opknapbeurt. De brêge wurdt tydlik ferfongen.
It opknappen fan de brêge is ûnderdiel fan in grutter projekt fan renovaasje en ûnderhâld fan de fearhavens yn it Waadgebiet. It moat de havens feiliger meitsje en de útstrieling moat ferbettere wurde. Rykswettersteat is as eigener fan de havens opdrachtjouwer fan dit grutte projekt.
Tongersdei waard yn Harns in autobrêge fuorttakele, dy wurdt kommende tiid renovearre. De ferfangende brêge moast der gau yn, fertelt Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat.
"Dat was de eerste eis die we gesteld hebben aan de aannemer, de eilanden moeten altijd bereikbaar zijn", seit Witting. "De dienstregeling is honderd procent gewaarborgd."
Autobrêge fearhaven Harns wurdt fuorttakele foar ûnderhâld © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Dêr't yn Harns in twadde autobrêge leit, moat Rykswettersteat op Skylge en Flylân rekken hâlde mei ien brêge. En dus is tempo nedich.
"We kunnen hier ervaring opdoen om de tijden te bereiken", seit Witting. "Voor de andere plekken staat alles in de nachtelijke uren gepland."
Autobrêge fearhaven Harns wurdt fuorttakele © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ein 2024 moatte alle brêgen klear wêze. "Op Harlingen zijn we ongeveer een halfjaar bezig. Daarna duiken we een jaar naar Terschelling en dan komt Vlieland."
Yntusken wurde ek de fearhavens fan Holwert, Lauwerseach en Skiermûntseach renovearre. De Amelanner haven waard trije jier lyn al opknapt.