Fraach nei sosjale hierwenten yn fiif jier tiid mei 55 prosint tanommen

De fraach nei hierwenten is grut © ANP
De fraach nei sosjale hierwenten is de ôfrûne fiif jier tanommen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau út opdracht fan WoonFriesland en de Vereniging van Friese Woningcorporaties (VFW).
It ûndersyk is dien troch te sjen nei de oanfragen op sosjale hierwenten. Yn de perioade 2017/2018 wiene der gemiddeld noch 47 oanfragen op in wente. Yn 2020/2021 wiene dat der 73. In tanimming fan mear as 55 prosint.

Trochsneed wachttiid no trije jier

De wachttiid is yn trochsneed oprûn ta trije jier. "Dat komt door verschillende factoren", seit Friso de Roos. Hy is bestjoerder fan Accolade en is belutsen by de VFW. "De huisvesting van statushouders en de geringe doorstroming van ouderen naar andere woonvormen heeft de vraag naar sociale huurwoningen doen toenemen. Daarnaast maken de lange wachttijden in overige delen van Nederland de sociale huurwoningen in Fryslân extra aantrekkelijk."
De ferskillen yn wachttiid tusken stêden en lytse doarpen is lytser wurden. Dat komt benammen om't de wachtlist foar in wente yn in doarp bot tanaam is. "Mensen die in een stad op de wachtlijst staan, kijken ondertussen verder dan alleen hun eigen omgeving. Ze trekken naar dorpen in de omgeving van bijvoorbeeld Heerenveen. Dan neemt in het dorp de druk ook toe."

'Huzen bouwe net de oplossing'

Dochs is nije hûzen bouwe net samar de oplossing. "Het probleem is dat je ook verder moet kijken dan het huidige beeld. Als je naar de demografie van Fryslân kijkt, dan blijft die tot 2035 redelijk stabiel. Maar daarna vergrijst het bevolkingsaantal flink en dan krijg je dus dat dorpen misschien leeg komen te staan. Dat moet je ook niet willen."
De Fryske wenningkorporaasjes litte om de twa jier in ûndersyk útfiere oer de druk op sosjale hierwenten. Dêr meitsje sy belied op om de trochstream oanpakke te kinnen.