Mist yn Fryslân: KNMI warskôget mei koade giel

© ANP
It KNMI hat koade giel ôfkundige fanwegen mist. De warskôging jildt ek foar oare noardlike provinsjes en Seelân.
Earder op de moarn wie der al mist yn it suden fan it lân, mar no ek yn it noarden. Op guon plakken is it sicht minder as 200 meter.
Oant 12.00 oere wie der ek noch koade giel foar glêdens, omdat wiete stikken beferzen wienen. Dy warskôging jildt net mear.
Koade giel foar mist jildt noch oant 14.00 oere.