Syktocht nei delstoart fleantúch yn Waadsee tusken Harns en Teksel

In Halifax © Wikipedia Commons
In âld-fisker fan Teksel siket help fan oare fiskers om de resten fan in delstoart fleantúch te finen. Dy moatte sawat lizze tusken Harns en Teksel.
Al hast fjirtich jier is Bram van Dijk dwaande mei de puzel fan in Ingelske bommewerper dy't yn de oarloch delsketten is. De Halifax, mei oan board ûnder oaren de Australyske piloat Jim Moran, waard yn febrewaris 1944 ûnderskept troch in Dútske jager. Hy ûntplofte yn de loft.
Moran syn stoflike resten binne noait weromfûn. Van Dijk siket no Harnzer fiskers dy't helpe kinne mei it sykjen nei de wrakstikken fan it fleantúch.

Lokaasje wrakstikken

Van Dijk tocht altyd dat it fleantúch yn de Waadsee yn de hoeke by Surch lei. Hy hat op dat plak jierren socht. mar om 'e nocht. Dit foarjier heakke in Wieringer kotter achter in heft (wrak) sawat op healwei tusken Harns en Teksel. Der kamen wat wrakstikken boppe wetter en de skipper naam se mei nei hûs. Dêr kaam it yn it hok te lizzen.
Bliken die dat it in stik fan in wjuk fan in fleantúch wie. Der siet gjin motor oan it wrakstik fêst. Hie dy der wol oan sitten, dan hiene se daliks witten watfoar fleantúch it west hat.
It fleantúch is yn de loft besketten en ûntploft. De wrakstikken lizze nei alle gedachten ferspraat yn de omkriten fan it plak dêr't de wjuk opfiske is.
Van Dijk is al jierren frijwilliger by it loftfeart- en oarlochsmuseum Teksel. Hy hâldt him dwaande mei it opsykjen fan famyljelden fan de 167 omkommen minsken dy't op it eilân begroeven lizze. Dat binne meast fleaners.
Op in stuit krige Van Dijk fan in kollegafiskerman in portefúlje yn hannen. Der siet in kaartsje yn mei de namme Jim Moran. Nei wat speurwurk kaam er derachter dat Moran út westlik Australië kaam.
Tekseler âld-fisker Bram van Dijk siket helpt by finen fan wrak
Op in eardere besite oan West-Australië hie Van Dijk dêr kunde opdien. Dy hat in sjoernalist yn de earm naam en dy fûn de famylje fan de omkommen Moran.
Van Dijk tinkt dat der mear wrakstikken fan syn fleantúch lizze. Hy ropt dêrfoar no de help yn fan kollegafiskers. Mooglik hawwe dy in motor opfiske en dat soe Van Dijk bot helpe. "Het is mij heel wat waard dat ik een visserman vind in Harlingen of elders die goed bekend is in de Waddenzee en die een motor opgevist heeft of andere wrakstukken."