Man ferstoarn by ûngelok op boerebedriuw op De Lytse Jouwer

De helptsjinsten kamen manmachtich teplak © ANP
In man is woansdeitejûn nei in needlottich ûngelok op De Lytse Jouwer om it libben kaam. Hy soe ûnder in miny-shovel yn de sleat bedarre wêze.
It ûngelok hie plak op in boerebedriuw oan de Lytse Leasterdyk. De helptsjinsten kamen manmachtich teplak, mar se koenen neat mear foar de man dwaan. De man soe op it plak fan it ûngelok ferstoarn wêze, mar dat woe de plysje net befêstigje om't it giet om in ûngelok op in priveeterrein.
It ynsidint is troch de helptsjinsten meld by de Arbeidsynspeksje. Dizze docht neffens in wurdfierder lykwols gjin fierder ûndersyk, omdat it slachtoffer ek de eigener fan it bedriuw is.