Akteur Joop Wittermans oer syn leafde foar toaniel
Mei soan Mads spilet Joop Wittermans yn de foarstelling 'Vader en Zoon'. Yn Noardewyn fertelt er oer syn lange en suksesfolle karriêre.
"We spylje noch ien foarstelling en dan ha we it fiifenfjirtich kear spile", fertelt de 76-jierrige Joop Wittermans. "It wie hiel moai en alle jûnen wer oars. We ha in aparte gemy, want we binne neist heit en soan ek kollega's en ek nochris kammeraten. Ik soe it sa noch wol tachtich kear spylje wolle."
'Vader en Zoon' is noch ien kear te sjen: op 8 desimber yn De Harmonie yn Ljouwert.
Tweintich jier lyn stienen se ek as heit en soan yn in foarstelling. Dat wie doe nei in idee fan regisseur Matthijs Rümke. Ferskate skriuwers leveren in tekst oan, krekt as dat mei dizze foarstelling dien is. Doe gie it mear oer konflikten, oer in soan dy't net doge wol.
"It kaam soms hiel tichtby. Dan moasten we bygelyks repetearje, mar kaam Mads net opdaagjen om't er oan in beam fêstsiet as protest tsjin de ûntromming fan Ruigoord. Ik ha my wol soargen makke, mar hie der tagelyk ek bewûndering foar." Yn de foarstelling fan no giet it mear om hoe't heit en soan omgean mei emoasjes en it âlder wurden.

De akteur groeide op yn Burgum. "Dêr wie neat te dwaan. Sneins al hielendal net op wat fuotbal nei. Dat mocht eins ek net, mar it terrein wie fan de fuotbalferiening sels."
De wrâld fan film
Doe't yn De Pleats in bioskoop kaam dy't op sneontejûn films fertoande, gie der in wrâld foar him iepen. "Ik gie der sa faak hinne, dat ik yn de organisaasje woe, want dan koe ik der fergees hinne."
Hy waard learling operateur en moast de films op twa grutte projektors oandraaie. "In kear draaiden we in James Bondfilm en dy wie yn seis akten. As der in krúske yn byld kaam, moast ik de twadde projektor oandraaie en dan de film mei in sko oersette. Dat moast fansels floeiend. Ik hie krekt de tredde akte oanset en doe kaam de baas deroanstowen. 'Wat dochst no? Dy iene fint moat noch dea!' Ik hie te betiid wiksele, dus gau alles wer omsette."
By beppe, dy't in telefyzje hie, seach ik op tongersdeis nei toaniel mei spilers as Ko van Dijk. Doe tocht ik: dat wol ik ek.
De leafde foar toaniel wie al wat earder ûntstien. "By beppe, dy't in telefyzje hie, seach ik op tongersdeis nei toaniel mei spilers as Ko van Dijk. Doe tocht ik: dat wol ik ek."
As jonge kaam er by it iepenloftspul fan Burgum. Ien fan Tryater seach him yn in stik fan Shakespeare en dy tipte artistyk lieder Pyt van der Zee. "Hy wie by Tryater dwaande mei it stik 'Breid yn de moarn' fan Hugo Claus en se sochten ien foar de rol fan soan Thomas. En doe stie er foar de doar oft it wat foar my wie." Hy spile yn it stik en gie dêrnei nei de toanielskoalle yn Arnhem.
Toanielskoalle
"Ik doarst thús net te beljen om my oan te melden foar it talittinsgseksamen, dat die ik yn de kroech. Us mem hâlde fan toaniel en wie sels in goeie amateurspylster, mar der wie wat geharrewar oer myn oplieding. Doe kaam beppe del. Op koartswilige wize sei se: 'dy jonge moat in fak leare dêr't er nocht oan hat, no? Dan moat er nei de toanielskoalle. Goejûn fierder'."
By wize fan sprekken kaam er op klompkes yn Arnhem, mei in swier Frysk aksint. "By it talittingseksamen seach de kommisje al nei de spraaklearaar mei in blik fan 'dit wordt wel een klusje'."
Aktie Tomaat
Hy waard oannaam en belibbe in moaie en heftige tiid. "It wie yn 1968, de tiid fan hippys, Dolle Mina's en fan Aktie Tomaat oer feroaringen yn de toanielwrâld. Alle learlingen hienen in kaai fan de skoalle. As we dan nei in nacht feesten in idee hienen, gienen we nei skoalle, dûkten it kostúmhok yn en sprongen op it poadium."
Doe't ik jong wie, woe ik fansels 'wereldberoemd' wurde, mar sa fier as Hollywood dreamde ik net.
Wittermans hat altyd pakt wat op him ôfkaam en plande syn karriêre net. "Ik rôle fan it iene yn it oare. Oan eigen publisiteit ha ik net folle dien, dêr bin ik net geskikt foar." Nei de oplieding kaam er by Toneelgroep Noorder Compagnie en letter by Tryater. Fan Hollywood hat er noait dreamd. "Doe't ik jong wie, woe ik fansels 'wereldberoemd' wurde, mar sa fier as Hollywood dreamde ik net."
Goede Tijden, Slechte Tijden
Ein jierren tachtich waard op kultuer besunige en besleat er om freelancer te wurden. Yn 1992 krige er in rol yn de soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden.
"GTST wie 'not done' yn dy tiid. Ik koe wol kritysk wêze en prinsipes hawwe, mar der moast gewoan brea op de planke komme. Ik ha der in jier spile en it wie in prachtige tiid. Sneintejûns naam ik de teksten troch. Moandeitemoarn kaamst der om sân oere yn en giest der om sân oere jûns wer út. Ik hie op it lêst gjin idee mear wêr't it oer gong, mar ik ha in protte plezier hân en in hoop leard om de hiele dei foar de kamera te stean. Dat is hiel oars spyljen as op it toaniel."
Bekende Nederlanner
Troch syn rol waard er in Bekende Nederlanner. "Ja, dêr moast ik oan wenne. In kear rûn ik op it strân en elk seach nei my. Ik tocht dat ik de gulp iepen stean hie." Nei GTST folgen mear telefyzjesearjes as Vrouwenvleugel en Fort Alpha.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
No't er in santiger is, tinkt er net oan ophâlden, mar hy docht gjin projekten mear dêr't er gjin nocht oan hat. "Myn aginda is behoarlik leech, dat fyn ik wol noflik. Der stiet wat op steapel foar kommende maitiid, dêr kin ik noch neat oer sizze. Ik ferfeel my noait, mar moat net te lang achter de geraniums sittte. As ik te lang thús sit, wurde der twa oerspand."
De list fan Joop Wittermans
Artyst | Nûmer |
Harry Nilsson | Everybody's talkin' |
Steppenwolf | Born to be wild |
The Rolling Stones | Sympathy for the devil |
Otis Gibbs | Something more |