Tal Instagramfolgers Andries Noppert troch WK ferfjouwerfâldige

De Instagramside fan Andries Noppert © Omrop Fryslân
It tal Instagramfolgers fan Oranjekeeper Andries Noppert is by it WK yn Katar it botst groeid fan alle Oranjespilers. Foarôfgeand oan it toernoai hie de keeper fan SC Hearrenfean noch sa'n 27.000 folgers, tongersdei binne dit der 106.000. Dat docht bliken út in telling fan it ANP.
Dêrmei hat Noppert, dy't earst ûnderoan it listje hong, ploechgenoaten Teun Koopmeiners, Kenneth Taylor en Justin Bijlow ynhelle. Oanfaller Cody Gakpo stiet op nûmer twa: syn folgeroantal groeide de ôfrûne twa wiken mei mear as 90 persint. Luuk de Jong is de iennige yn de WK-seleksje dy't yn it toernoai folgers ferlern is.
It tal Instagramfolgers fan spilers yn Oranje rint bot útinoar. Memphis Depay hat mei 16 miljoen folgers mei ôfstân de grutste achterban op it platfoarm. Hy wurdt folge troch Virgil van Dijk (12,9 miljoen folgers) en Frenkie de Jong (10,9 miljoen).
Freed spilet it Nederlânsk alvetal tsjin Argentinië yn de kwartfinale fan it wrâldkampioenskip. Noppert stiet dan gewoanwei ûnder de latte.