Waadhoeke jout foarearst gjin fergunnings foar húsfesting arbeidsmigrant

Wenplak foar arbeidsmigranfen yn Berltsum © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De gemeente Waadhoeke jout foarearst gjin nije fergunningen mear ôf foar de húsfesting fan tydlike wurkers. Der moat earst nij belied makke wurde.
It ôfrûne jier is yn de gemeentlike polityk faak praat oer keamerferhier oan arbeidsmigranten. Yn de ried kamen dêr mûnlinge en skriftlike fragen oer, der waard in moasje oannaam en doarpsbelangen hawwe ynsprutsen op riedsgearkomsten.
Dizze wike is besletten dat no earst besjoen wurde moat hoe't de gemeente hjirmei omgiet. Noch dit jier set it proses fan fêststellen fan nij belied útein. Doel is de mienskip dêr ek by te belûken.
Op dit stuit rinne der fiif fergunningoanfragen yn Waadhoeke foar de húsfesting fan wurknimmers dy't faak tydlik yn de kassen wurkje. Dy oanfragen binne al yn behanneling naam en wurde noch wol ôfhannele. Fierders binne der ek noch fjouwer saneamde 'foaroerlizzen'. Dy sille yn prinsipe negatyf beoardiele wurde, dus dêr komme foarearst gjin fergunningen foar.