Plysje fynt 200 kilo yllegaal fjoerwurk yn wenten yn Burgum, Hijum en Aldebiltsyl

In doaze mei fjoerwurk © ANP
De plysje hat 200 kilo yllegaal fjoerwurk fûn yn wenten yn Burgum, Hijum en Aldebiltsyl. It giet ûnder mear om mortierbommen en nitraten.
In spesjalisearre team fan de plysje hat de huzen ûndersocht nei meldingen fan fjoerwurkoerlêst. Yn Burgum waard mear as 100 kilo profesjoneel fjoerwurk fûn. Der sieten 22 mortierbommen by, dy hearre by it swierste soart fjoerwurk dat der is. In part fan it guod lei njonken in gasfles dy't oansletten wie op in gaskachel.
Yn Aldebiltsyl gie it om 75 kilo fjoerwurk. Dêrby sieten ûnder mear nitraten. It besit dêrfan is ferbean. Yn Hijum waard 15 kilo profesjoneel fjoerwurk oantroffen.
It guod is yn beslach naam en sil ferneatige wurde.
Trije persoanen moatte harren ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje. De bewenners fan de wenten yn Burgum en Aldebiltsyl hawwe boppedat in bestjoerlike maatregel oplein krigen. Dit betsjut dat de boargemaster by werhelling de mooglikheid hat om harren foar in skoft út harren hûs te pleatsen.