Grutte útslaande brân yn wenning yn Winaam ûnder kontrôle

In soad reek by de wenning yn Winaam © SRFotografie
Yn in wenning oan de Foarryp yn Winaam is tongersdeitemiddei brân útbrutsen. Der waard opskaald nei 'grutte brân', mar yntusken is it sein 'brand meester' jûn.
De brânwacht meldt dat de wenning in soad skea oprûn hat. De brân soe yn de meterkast ûntstien wêze. In bewenner en twa hûnen hawwe de wenning op tiid ferlitte kinnen.
Doe't it earste korps oankaam, kamen de flammen al út it dak. Der kaam in soad reek frij by de brân.
De korpsen fan Frjentsjer, Harns en Menaam hawwe it fjoer út makke.