Datalek gemeente Ljouwert: gegevens fan 8.800 ûndernimmers op strjitte

It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Fan 8.800 ûndernimmers út de hiele provinsje binne de gegevens lekt. It binne gegevens fan bedriuwen dy't de TOZO-regeling oanfrege ha. Ljouwert hat it datalek meld by de Autoriteit Persoonsgegevens, de tafersjochhâlder foar privacy. Sa'n melding is wetlik ferplichte.
De troffen ûndernimmers ha woansdei in brief krigen. De gemeente leit yn dy brief út dat der by fersin in oar dokumint nei trije bedriuwen stjoerd is. Yn dat dokumint stiene gegevens fan alle bedriuwen dy't in oanfraach dien hiene foar de TOZO-regeling.
It giet om gegevens út it iepenbiere hannelsregister, oanfolle mei boargerservicenûmers. Mei dy kombinaasje fan gegevens kinne kriminelen identiteitsfraude plege. De gemeente seit dat de trije bedriuwen frege is om de gegevens fuort te smiten. De gemeente fertrout derop dat dizze bedriuwen dat dien hawwe. Der soene gjin oanwizings wêze dat der misbrûk fan de data makke is.

Hiel Fryslân

Bedriuwen út hiel Fryslân binne troffen troch dit lek. Allinnich bedriuwen út de gemeenten Súdwest-Fryslân en Eaststellingwerf komme net foar yn it dokumint.
Wethâlder Gijs Jacobse fan de gemeente Ljouwert lit witte it hiel ferfelend te finen dat der in datalek west hat. "We hopen datalekken in de toekomst zo veel mogelijk te voorkomen, maar waar door veel mensen hard gewerkt wordt, kunnen altijd fouten gemaakt worden."
De gemeente Ljouwert seit maatregels nommen te hawwen om sokke flaters yn de takomst safolle mooglik foar te kommen.