Swimbad Mounewetter docht crowdfunding foar duorsume takomst

Swimbad Mounewetter leit der no ferlitten by © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Troch de hege gasprizen hawwe swimbaden it dreech. Foar guon is it ûnwis oft se iepen bliuwe kinne. De problemen spylje likegoed by binnenbaden as by bûtenbaden.
By Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum wiene se al drok dwaande mei de enerzjytransysje, mar no't de gasprizen sa omheech gean, is dat yn in streamfersnelling kaam. Mei trije waarmtepompen en 250 sinnepanielen kinne se aanst fan it gas ôf.
Crowdfundingsaksje foar swimbad Mounewetter
Dizze transysje kostet 5,5 ton. Nei it oanfreegjen fan subsydzjes is der noch 275.000 euro nedich. Dêrom ha se in crowdfunding opset. Op ferskate wizen kinne minsken jild oermeitsje of sels harren supermerksegelboekjes ynleverje.
Trije waarmtepompen en 250 sinnepanielen moatte soargje foar de enerzjytransysje © Omrop Fryslân
Rigtsje Hooghiemstra is al 8 jier as frijwilliger belutsen by it swimbad, de lêste jierren sit se yn it bestjoer. Sy is wiis mei hoe't eltsenien meitinkt by dizze transysje. "De frijwilligers ha mei ús help útsocht hoe't it allegear wurket", fertelt se. "Allinnich it ynstallearjen, kinne we net sels, dat wurdt dien troch saakkundigen."
Bestjoerslid Rigtsje Hooghiemstra © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Hooghiemstra hopet dat der in protte jild ophelle wurdt. "Oars giet dat fan it budzjet foar ûnderhâld ôf. Hoe mear jild we ophelje kinne, hoe better dat is foar de takomst fan it swimbad."