Sikehuzen Drachten en Snits skaffe mienskiplike PET-CT-scanner oan tsjin kanker

Twa Fryske sikehuzen wurkje gear om mei-inoar in PET-CT-scanner oan te skaffen. It giet om Nij Smellinghe yn Drachten en it Antoniussikehûs yn Snits. It nije apparaat moat de soarch ferbetterje, ûnder oare oan kankerpasjinten.
PET-CT-scanner © ANP
De nije scanner komt yn Nij Smellinghe te stean en sil nei ferwachting yn it foarjier fan 2024 yn gebrûk naam wurde. Dan stean der twa sokke scanapparaten yn Fryslân, want sikehûs MCL hat ek al ien.
Behanneling mei in PET-CT-scanner wurdt hieltyd faker ynset by bygelyks kankerpasjinten. De scanner sil yn de takomst faker brûkt wurde, omdat it tal kankerpasjinten bot tanimme sil.
Nei ferwachting giet it tal minsken mei kanker yn Nederlân yn de kommende tsien jier omheech fan 800.000 nei 1,4 miljoen yn 2032. Dat komt omdat minsken hieltyd âlder wurde. Wat âlder wat minder goed it lichem flaters yn de seldieling - de oarsaak fan kanker - opfange kine.
De PET-CT-scanner kin it plak fan de kanker en de aard fan de sykte sekuerder bepalen. Dat soarget derfoar dat de diagnoaze flugger en soarchfâldiger fêststeld wurde kin. By in behanneling kin ek sjoen wurde oft it goed oanslacht of dat der oare mooglikheden better binne.