Fiif foar tolven foar stichting Nationale Herdenking Joure

De betinking op De Jouwer © Stichting Nationale Herdenking
It is fiif foar tolven foar de stichting Nationale Herdenking Joure. It jild is sa goed as op en stipers binne der kwealik. It wurdt dus hiel dreech om foar kommend jier aktiviteiten te organisearjen.
Op dit stuit binne der noch tsien stipers oer. Dy meitsje allegear 10 euro oer. Dêrnjonken is der noch de klup fan fyftich. Dat binne bedriuwen op De Jouwer dy't 50 euro oermeitsje. Mar ek dat binne der minder wurden.
"De oarsaak dêrfan is de coronakrisis. De winkels hienen minder om út te jaan", seit Jan Vermaning fan de stichting. "Op dit stuit hawwe we hast gjin jild mear en kinne we hast neat mear."

'Betinken krekt no fan grut belang'

De stichting kriget wol jild fan de gemeente, mar dat is lang net genôch. "We dogge ek oan edukaasje op skoallen, mar dy drage neat by. Dêr ha se gjin potsje foar. Wat wy dogge, moat wol betelle wurde." It giet dan bygelyks om in fytstocht fan de groepen sân en acht by plakken mei in oarlochsskiednis yn en om De Jouwer hinne del.
Neffens Vermaning is it betinken krekt no fan grut belang:"Seker mei de oarloch yn Europa en alle oare ûntwikkelings op 'e wrâld." Hy hopet dan ek dat mear minsken har wer oanmelde as stiper. Oars wurdt it dreech aktiviteiten organisearjen te bliuwen.