Waadeilannen krije 5 miljoen euro fan it Ryk foar fluggere bou 200 wenningen

Wenningbou op Flylân © WoonFriesland
De Waadeilannen krije 5 miljoen euro foar it 'fersneld' bouwen fan yn elk gefal twahûndert wenningen op de fiif eilannen. Dat hat minister Hugo de Jonge fan Folkshúsfêsting en Romte witte litten. De ferwachting is dat de earste 75 huzen foar 2025 klear wêze moatte.
Twatredde fan dy huzen moat 'betelber' wêze. Hierhuzen meie maksimaal 1.000 euro yn de moanne kostje en keapwenten op syn heechst 355.000 euro.
De Waadeilannen binne fan doel om sels oant 2030 sa'n 50 miljoen euro te ynvestearjen. Dêrneist hoopje se noch kâns te meitsjen op stipe fan it Ryk fia de Regio Deal. Ofrûne moanne hawwe de eilannen hjirfoar in oanfraach yntsjinne.
"De bijdrage van het Rijk betekent een vliegwiel voor de leefbaarheid op de eilanden", seit boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge.
"Jonge gezinnen en personeel hebben meer mogelijkheden om te blijven of terug te keren. Zij zijn van grote betekenis voor de lokale gemeenschappen. Ook woonruimte voor ouderen wordt geborgd zodat zij op hun geliefde eiland kunnen blijven wonen als de zorgbehoefte toeneemt."
Caroline van de Pol
Foar 5 miljoen kin gjin twahûndert wenten boud wurde. Boppedat is bouwe yn it goedkeapere segmint op de eilannen net sa maklik. Bougrûn is dêr krap en dus djoer.
It jild dat der no komt, is ornearre foar de ekstra kosten dy't huzebou op de eilannen oars ûnbetelber makket.

Ut need op de fêste wâl wenje

Der hearsket wenningkrapte op de eilannen. Neffens boargemaster Van de Pol fan Skylge is de krapte in probleem. De huzen dy't te keap komme, wurde faak foar in soad jild opkocht troch rike Westerlingen. De eigen bewenners kinne gjin hûs krije en moatte út need op de fêste wâl wenje, "Dat doet iets met de leefbaarheid van de eilanden."
De fiif Waadeilannen hawwe dus 5 miljoen te ferdielen, mar it is net sa dat elk eilân in miljoen kriget. Dat hinget fan de projekten ôf. Teksel kriget wat minder en It Amelân wat mear. Op Van de Pol har eigen eilân, Skylge, binne der twa bouprojekten: ien foar sechstjin wenienheden ek ien foar nochris achttjin wenienheden.