Bern yn Kiev binne net sa benaud: "As der in raketynslach is, meitsje se in foto"

Jorrit Schreuder yn Oekraine © Jorrit Schreuder
Bern boartsje yn de snie. It ferkear raast troch de strjitten fan Kiev en it snijt. It liket in gewoane stêd yn gewoane omstannichheden. Dochs is it de haadstêd fan in lân yn oarloch.
Fries om utens Jorrit Schreuder hat in rêstige wike hân. Der wiene wol oanfallen op Oekraïne, mar net op Kiev. En de ferwaarming docht it bytiden ek wol goed.
Bern binne net sa benaud troch de oarloch
De oarloch is mear as 9 moanne âld en de ein is noch net yn sicht. Mar it libben giet troch. Yn Kiev liket de oarloch bytiden fier fuort. Sa út en troch binne der wol loftalaarmen mar de measte minsken lûke harren dêr net safolle fan oan.

Mear minsken lûke de stêd út

Winkels binne iepen en der is genôch foarried. Dochs hat Schreuder de yndruk dat der no dochs wol wer mear minsken de stêd útlûke. Guon gean sels nei it bûtenlân ta. Sa is syn juf fan de Oekraynske les fuortgien nei Boedapest yn Hongarije.
"De ûnwissigens oer enerzjy en ferwaarming is de reden dat se fuortgean." Dat hat te krijen mei de sakjende temperatueren. Yn septimber kamen minsken noch werom. No geane se wer fuort.
Boartsje op in slide © Jorrit Schreuder
Bern yn Kiev binne net echt benaud, fertelt Schreuder. "Foar de bern hjir, lykas myn dochters fan 10 jier, is de oarloch fier fuort. Fansels binne guon bern benaud as der in loftalaarm giet of se de skûlkelder yn moatte, mar de measte bern sjogge it lykas hjir op de telefyzje. Se boartsje gewoan en gean nei skoalle ta."
"Soms as der in raketynslach is, stean myn dochters foar it rút en meitsje se in foto. It fielt foar harren net as tichtby." Op de bylden dy't Schreuder makke hat, binne dan ek bern boartsjend yn de snie te sjen. Ek âlders binne net sa benaud. Se litte de bern gewoan bûten.
Schreuder wit wol dat it yn oare parten fan it lân oars is. Dêr hawwe bern it min, en meitsje se hiel wat mei. "Dat is net bêst, net bêst."

Opbouwe yn de oarloch

Yn guon parten fan Kiev binne huzen en flatgebouwen ferwoaste. Dy wurde wol reparearre en ek de nijbou giet gewoan troch. It idee dat alles stilstiet, is net sa. Der wurde nije huzen boud, dat giet aardich troch. Foar sa lang as it duorret.
Schreuder ferwachtet dat it minder wurdt. Der ûntstiet in tekoart oan materiaal. Oan minskkrêft leit it noch net. Der binne noch in soad manlju yn de stêd. Op de fraach of dy net fjochtsje moatte, seit Schreuder dat hy him dat somtiden ek ôffreget.
It Maidanplein yn Kiev © Jorrit Schreuder
Oan iten hat de famylje Schreuder foarearst mear as genôch. Fan de skoanfamylje op it plattelân hawwe se in grutte tas mei allerhande griente en ierappels krigen. Der is in soad transport mei buskes fol guod fan it plattelân nei famylje yn de stêd. Foar de Schreuders kaam der in tas mei 32 kilo oan guod. "We hawwe foarearst genôch ierappels", laket Schreuder.
Mar hoe fier fuort de oarloch ek liket, it gefaar is der altyd. En de oantinkens oan omkommen Oekraïners op it Maidanplein binne tsjûge fan de wredens fan dizze oarloch.
In roas op it Maidanplein © Jorrit Schreuder