Binnen acht moannen ferriisden tritich apparteminten op Suderskâns Dokkum

It pân yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
Yn sa'n acht moannen tiid fan planfoarming nei in fysyk appartemintekompleks: op de Dokkumer Suderskâns is it slagge.
"Alles is neffens planning ferrûn, elkenien hat fantastysk meiwurke en no sjochst it einresultaat. Dêr binne wy echt wol grutsk op", fertelt haad-ûntwikkeling Egbert Zwarts fan Dijkstra Draisma.
It gebou is folslein gasleas, mar ek demontabel. Dat betsjut dat dy ek wer yn dielen ôffierd wurde kin nei in oare lokaasje, wannear 't bliken docht dat it gebou mar in tal jierren nedich is.
Dêrnei kin dêr dan it opbouproses wer plakha. "Dat binne wol duorsume oplossingen, mar it gebou hat in definityf karakter. It soe bygelyks ek wol 100 jier stean bliuwe kinne, sa is it dan ek wer."
Miskien heuge jo jo dizze fideo noch, sa'n acht moanne lyn. Doe wie de lokaasje noch in grut gersfjild. It is noch hieltyd de bedoeling dat it pân tydlik op dizze lokaasje stean bliuwt.

Apparteminten allegear al ferhierd

De tsien apparteminten op de boppeste ferdjipping binne yntusken al ferhierd. "Oan minsken dy 't allegear út dizze regio komme, dêr ha wy echt nei sjoen", fertelt Zwarts. De ûnderste tweintich apparteminten, op de begeane grûn en op de earste etaazje, binne yn earste ynstânsje bedoeld foar flechtlingen út Oekraïne. Dat ferljochtet de druk op de needopfangsintra yn de gemeente.
"De prognoaze is dat begjin takom jier noch mear romte nedich is, dus wy binne as gemeente tige wiis mei dizze romte yn dit kompleks", fertelt projektlieder Pieter-Jan Schouwstra. "Dit biedt de mensen die nu in de grote opvanglocaties zitten, ook veel meer privacy", follet Tani-Mara Nicolai oan.
Der wurde wol inkelde kritearia fêststeld, sa kin in flechtling net allinnich plaknimme yn in appartemint. "Een van de criteria is, dat gezinnen met minderjarige kinderen voorrang krijgen. Een minimum van vier personen per appartement hebben we ook vastgesteld."
De gemeente en Dijkstra Draisma binne yn oerlis oer de takomst fan de apparteminten. Sa kin der ôfskaald wurde kwa opfang as flechtlingen werom wolle nei Oekraïne. Salang't de oarloch trochgiet, liket dat noch net oan 'e oarder.

In soad fragen

Dijkstra Draisma is bliid dat sy dit earste kompleks yn Dokkum pleatse koene. Der is sa in koarte link mei it fabryk dat ek yn de stêd stiet. "Dit smakket seker nei mear Wy krije ek hieltyd fragen oer it projekt. Ut ferskate gemeenten wei, likegoed tichtby as fierder fuort. Se sizze dan: 'hee, dit is moai, kin dit ek yn ús gemeente?", slút Zwarts ôf.