Topdrokte ferwachte by fjoerwurkhannelers, ek al is it djoerder as oars

Fjoerwurk ôfstekke © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De fjoerwurkhannelers ferwachtsje dit jier in grutte ferkeap. Nei twa jier corona wêryn't grut fjoerwurk ferbean wie, hawwe minsken wer nocht oan in feestje by Ald en Nij, tinke se.
"Se binne der echt oan ta,, seker yn dizze donkere tiden", seit Gerard Andringa fan de fjoerwurkwinkel yn Grou.

Fjoerwurk djoerder

Nei alle gedachten sil it fjoerwurk sa'n tsien persint djoerder wêze. En dat yn dizze tiid wêryn't minsken it al dreech ha troch de hege ynflaasje en de enerzjyprizen. "Dochs wurdt der net op besparre", seit Andringa.
Fjoerwurkhannelers ferwachtsje drokte
"Guon minsken hawwe it jild al jierren achterút lein en kinne net wachtsje." Sûnt 2019 jilde der wol nije regels. Fjoerpylken en knallers binne ferbean, allinne sierfjoerwurk op de grûn mei noch ferkocht wurde. "In goeie saak, seker at je sjogge hoe't soms pylken út de hân wei ôfstutsen waarden. Fierstente gefaarlik."
Soe der wat by sitte? © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Andringa en Edwin Cornelder fan de Grouster fjoerwurkwinkel hawwe it drok mei de tariedings. Har eigen gruthannels hawwe fanwege it grutte tal oanfragen al 'nee' ferkeapje moatten.
Lokkich koene se noch wol by twa oare leveransiers terjochte, sadat de fjoerwurkwinkel leverje kin. Drok sil it wurde, ek omdat guon klanten der rekken mei hâlde dat it sels ôfstekken fan fjoerwurk oer in pear jier mooglik ferbean is.
"Dy tinke: salang't it noch kin, wolle we derfan genietsje en dy bestelle no al manmachtich." Yn de bunker achter de winkel oan de Oedsmeiwei leit yntusken 1500 kilo fjoerwurk klear foar ferkeap op de lêste trije dagen fan dit jier.