Fakbûnen driigje mei aksjes by ferfiersbedriuw Arriva

In trein fan Ariiva © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De fakbûnen FNV, CNV en VVMC driigje mei aksjes by ferfiersbedriuw Arriva. Se binne slim teloarsteld yn it nije leanbod dat dien is by de ûnderhannelings foar in nije cao.
De wurkjouwers binne ree in leansferheging fan 5 persint te jaan. Dat is fierstente min, lit FNV-ûnderhanneler Edwin Kuiper RTV Noord witte.

Treinferkear komt stil te lizzen

De aksjes draaie nei alle gedachten út op stakings yn it regionale treinferfier yn de provinsje. Dêr ha de bûnen woansdei oerlis oer hân. Mooglik hawwe dy dizze moanne al plak.
De ferfierders stelle yn in brief oan de fakbûnen foar in cao ôf te sluten foar ien jier. Op 1 jannewaris krije de meiwurkers der 5 persint by. Dat wurdt op sa'n wize dien dat minsken yn legere leanskalen der it meast fan profitearje.
De wurkjouwers binne ree te sjen nei in fierdere leansferheging mar dat hinget dan wol ôf fan ôfspraken oer it ferleegjen fan de wurkdruk. "Dat soort van afspraken kosten ook geld" sa litte de ferfierders witte.

Fierstente min

FNV-ûnderhanneler Kuiper fynt it fierstente min. Neffens him is de brief net serieus te nimmen. "Het is een dikke middelvinger naar het personeel."
De ûnderhanneler ferwachtet dat reizgers lêst krije fan de aksjes op de noardlike treintrajekten. "We hadden liever goede afspraken gemaakt maar kennelijk zijn de werkgevers niet geïnteresseerd in een goede cao." Kuiper is dan ek bot fernuvere oer de hannelswize fan de wurkjouwers: "Zo ga je toch niet met je personeel om? Dit doet enorm veel pijn."

Cao krekt belangryk

Yn in reaksje oan parseburo ANP lit Arriva witte dat se it krekt belangryk fine dat der in nije cao komt. "We zien het gesprek daarover als juiste vervolgstappen."
De ferfierder stelt dat se net begripe dat de bûnen no al aksjes oankondigje.