Studint skopt tsjin holle frou yn kafee op Skylge: 30 oeren wurkstraf

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In 27-jierrige studint út Utrecht is feroardield ta in wurkstraf fan 30 oeren plus 30 ûnder betingst foar de mishanneling fan in frou yn kafee De Stoep op Skylge.
It ynsidint wie op 17 juny fan dit jier. De man hie de frou oan it hier lutsen en har tsjin de holle oan skopt.

Tik op de billen

De man koe syn hannen by ferskillende froulju net thúshâlde. Hy tikke it slachtoffer ek op de billen. De frou joech de man dêrnei in klap yn it gesicht.
De Utrechter waard doe lilk. Hy luts de frou oan de hieren nei de grûn en skopte har yn de nekke en tsjin it gesicht. Efterôf ferklearre de man dat hy der neat mear fan wist. De advokaat brocht yn dat der mooglik wat yn it drankje fan de man dien wie.
Omstanners hienen de man it kafee út set en in dei letter waard hy oanholden op it strân.
De rjochter fûn dat der net genôch bewiis wie foar in 'besykjen ta swiere mishanneling'. De man is njonken de wurkstraf ûnder tasicht steld fan de reklassearring en hy moat in training folgje om syn agresje te behearskjen.