Wat is gefoelstemperatuer en hoe wurdt it metten? Fiif fragen oer dit fenomeen

It wurdt kâld © Shutterstock
No't Kening Winter him wer sjen lit, hearst it wurd faker: gefoelstemperatuer. Mar wat is dat no krekt en is it foar elke persoan oars?
Omrop Fryslân-waarfrou Tjitske Wiebenga beäntwurdet hjir fiif fragen oer.

Wat is gefoelstemperatuer?

"It antwurd sit eins al wat yn it wurd. We prate fan gefoelstemperatuer, ek wol windchill neamd, as we it hawwe oer de temperatuer dy'tst op dat stuit ûnderfynst. Dat kin hiel wat oars wêze as de echte temperatuer. It kin trouwens fan tapassing wêze yn likegoed kâlde as waarme perioaden."

Wat beynfloedet de gefoelstemperatuer?

"Wyn spilet in wichtige rol. Hoe hurder it waait, hoe kâlder it oanfielt. Dêrby is it ek noch fan belang wêr't dy weikomt. Komt de wyn út it easten, sa't snein it gefal wêze sil, dan fielt dy faak 'snijend' oan. Dat hat te krijen mei de drûchte. Komt de wyn út it noardwesten, dan fine wy it wetterkâld, fanwege it hege fochtgehalte.
Dat de wyn foar ekstra kjeld soarget yn de winter, hat te krijen mei wat it mei ús lichemswaarmte docht. Dizze waarmte strielje we út, mar as it hurd waait, ferdwynt dizze isolearjende laach.
Je kinne it fergelykje mei in kop waarme poeiermolke. Ast flink blaast kuollet it ôf. Sa is it mei ús lichem ek."
By hurde wyn is it faak kâld © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Hoe sit dat dan yn de simmer?

"Yn de simmer spilet it fansels mei oftst yn de sinne sitst of net. En ek dan hat wyn grutte ynfloed. Begjinst te switten, dan komt der dus focht út dyn lichem. Je krije dan in waarme luchtlaach om je hinne. As der dan gjin wyn is, hâldst dy waarmte fêst en giet de gefoelstemperatuer omheech.
Dêrneist hast noch luchtfochtichheid. Dat is de reden dat minsken dy't weromkomme út Súd-Europa faak sizze: 'De temperatuer is dêr heger as hjir, mar it fielde folle minder waarm.' De lucht dêr is nammentlik folle drûger as yn Nederlân. As it fochtiger is, ûnderfine we dat as drukkender."

Hoe wurdt de gefoelstemperatuer metten?

"Hjir is in formule foar ûntwikkele. Dêryn binne luchttemperatuer en wynsnelheid de komponinten. De yn Kanada ûntwikkele metoade hjit JAG/TI. Dat stiet foar Joint Action Group on Weather Indices. Njonken it KNMI, wurdt dy ek hantearre yn Ingelân, Yslân en de Feriene Steaten."
Foar de wiskundigen ûnder ús, de formule sjocht der sa út:
G = 13,12 + 0,6215 T 11,37 (3,6 W) 0,16 + 0,3965 T (3,6 W) 0,16 mei G foar de gefoelstemperatuer, T foar de temperatuer yn °C, metten op 1,50 meter hichte en W foar de gemiddelde wynfaasje yn m/s, metten op 10 meter hichte.
De JAG/TI-metoade is ûntwikkele foar in luchttemperatuer tusken -46 en + 10 °C en foar in wynfaasje op standert mjithichte fan tusken 1,3 en 49,0 m/s en in kuiertempo fan 4,8 km/oere.
Dat komt op it folgjende del: as de metten temperatuer bygelyks 0 graden is, en it is wynkrêft 5, dan komst út op in gefoelstemperatuer fan -7. Hoe kâlder it is en hoe sterker de wyn, hoe leger de temperatuer oanfiele sil. Sa komme je by wynkrêft 9 en in temperatuer fan -15, út by in gefoelstemperatuer fan -31.

Ferskilt de gefoelstemperatuer de persoan?

"Ja. Dat hat mei ferskate faktoaren te krijen. As je hielendal sûn en fan middelbere âldens binne, dan fielt de temperatuer oars as wannear't je âld en siik binne. Ek hat it mei it geslacht te krijen. Froulju hawwe troch in mindere trochblieding oer it algemien earder kâlde hannen en fuotten as manlju.
Wy kinne dan ek konkludearje dat de formule foar de gefoelstemperatuer in handige mjitmetoade is, mar net eksakt sjen lit hoe'tst de kjeld ûnderfynst."