FIDEO: Bern seagje krystbeammen op Flylân

Krystbeamseagje op Flylân © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
No't Sinteklaas it lân út is, komt Flylân stadichoan yn krysttiidsfear. Tiisdei begûn Steatsboskbehear mei basisskoalbern fan it eilân oan it omseagjen fan krystbeammen.
Se binne der betiid by op Flylân. De sinne komt noch mar krekt op as de bern al folop yn 't spier binne yn 'e dunen. Bûten it feit dat elkenien no in moaie krystbeam hat foar thús, helpt de aksje ek de natuer.
"Het gebied hier moet eigenlijk een open duin gebied blijven. Dat is de beheersstatus die we hier proberen te halen. Daarom halen de kinderen de jonge bomen weg", seit boskwachter Yoram Olde Riekerink.
Kommende sneon mei de rest fan de Flylanner befolking ek in dinnebeam útsykje.