Nij Frysk wurk op miny-festival Fryske Nije: "Nerveuzer dan in de Melkweg"

Boaz is oan it soundchecken foar Fryske Nije © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Stichting Liet komt tongersdei mei in nij evenemint: De Fryske Nije, in jûn fol muzikale en tekstuele ferrassingen yn Neushoorn yn Ljouwert. De opset hat gjin wedstriidelemint sa't wy fan it festival Liet wend binne.
Mei de 'Fryske Nije' wol Stichting Liet jong Frysk talint stimulearje, dy't in karriêre ambiearje yn de popmuzyk en poëzij. De artysten is frege om in nij nûmer te skriuwen of in besteand nûmer yn it Frysk oer te setten.
Dit jier hawwe we de muzikanten frege. Dat hat moaie, nije nûmers opsmiten.
Tjallien Kalsbeek, stichting Liet
"Wat foar ús it doel is dat der elk jier nije Fryske lieten komme", leit Tjallien Kalsbeek fan de stichting út. "Dat dogge we oare jierren troch in kompetysje út te skriuwen. Dit jier hawwe we de muzikanten der streekrjocht foar frege. Dat hat wer moaie, nije nûmers opsmiten."
It is eins in presintaasje, in miny-festival. "We woenen jongerein berikke dy't oan it begjin fan de karriêre stean of muzikanten dy't al in bytsje dwaande binne, mar noch wol wat bekendheid yn Fryslân hawwe kinne", seit Kalsbeek. "Jongeren skriuwe har net sa faak yn foar Liet en yn dit gefal binne it ek profesjonele muzikanten, dus dy moatst gewoan betelje."
Fryske Nije
Ien fan de artysten is Boaz en dy is it net wend om yn it Frysk te sjongen. "Nee, dat is niet 'myn ding'. Ik zing meestal in het Engels. Maar ik hou wel van een nieuwe uitdaging en dit is wel iets wat ik een keer van mijn bucketlist wilde halen."
Hy fielt yn it foar wol wat spanning. "Ik stond afgelopen zaterdag in de Melkweg en ik ben nu zenuwachtiger om te spelen in het Fries. Maar ik heb er wel vertrouwen in dat het goed komt."
Boaz is oan it soundchecken foar Fryske Nije © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Boaz makket country-, blues- en soulmuzyk. Fierder is der it Baskysk poptrio Merina Gris, en Immen is in singer-songwriter mei dreamerige muzyk. Njonken in betûft muzikant as ZEA, de artystenamme fan Arnold de Boer út Makkum, sil it jonge muzikale talint Rowan Veltman út Garyp op it poadium ferskine. Dy lêste krige ûnder oare lanlik bekendheid troch syn optreden yn Holland's Got Talent.

Spoken word

Der stean ek trije spoken word-keunstners foar it publyk. Fanút kollektyf 'Dichter bij Leeuwarden' hawwe Gabrielle Terpstra, Crista Niklewicz en Joël Hut al earder fan har hearre litten. Sa hat Gabrielle mei in boartlike miks fan Frysk en punk performances fersoarge op ferskate poadia yn Nederlân en België. Mar se is yn Fryslân ek bekend troch har podcast mei dichter Arjan Hut foar Omrop Fryslân.
Takom jier is der wer in gewoan Liet mei in wedstriidelemint. De winner giet dan troch nei LIET Ynternasjonaal.