Tûzen jongeren út it noarden prate oer útsluting op top

Muzikant Typhoon mei it NNO © Mariska de Groot
Jongeren út Fryslân, Grinslân en Drinte praten woansdei yn Grins oer de tema's identiteit en útsluting. Se waarden hjirby ynspirearre troch in konsert fan it Noord Nederlands Orkest (NNO) en hiphopmuzikant Typhoon.
Dizze jongeretop is organisearre troch it NNO dat mei help fan klassike muzyk omtinken freegje wol foar maatskiplike tema's. "Muziek kan de gelaagdheid van gevoelige kwesties aan het licht brengen", seit Marcel Mandos, artistyk lieder fan it NNO.
Jongeren giene it petear oan oer hoe't je dermei omgean as je jinsels boppe in oar stelle om't je oars nei de oar sjogge.
Jongeren prate oer útsluting en identiteit
It konsert dêr't de jongeretop mei ôftrape waard, is mei de muzyk fan Wagner. Hy waard sjoen as in geweldige komponist, mar stie ek bekend as in antysemyt dy't him tsjin Joaden agearre. It NNO trede op mei Typhoon, dy't mei syn wurk fersoening en respekt útdraacht.
Typhoon wol respekt útdrage © Mariska de Groot
De jongeren folgen nei it konsert ferskate workshops om oer dizze ûnderwerpen te praten.
Tryater is fan doel om mei de útkomsten in muzykteäterproduksje te meitsjen dy't yn 2024 op toer lâns festivals yn it noarden giet.