Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân komt yn haadbestjoer VNG

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân © Omrop Fryslân
Boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân is keazen as bestjoerslid fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG).
Dat is de koepelorganisaasje foar alle gemeenten yn Nederlân. Kramer wol him ynsette foar in goede ferhâlding en ferbining tusken stêd en plattelân.
Kramer sit foar Noardeast-Fryslân ek al by de P10, it gearwurkingsferbân fan grutte plattelânsgemeenten.