Rappe boat Tiger foar it earst wer yn it wetter nei fatale oanfarring mei wettertaksy

De Tiger fan rederij Doeksen leit wer yn it wetter © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De fearboat Tiger fan Rederij Doeksen fart mooglik fan 'e wike wer neffens de tsjinstregeling fan Harns nei Skylge en werom. De rappe boat wie seis wiken ferlyn yn it Skûtegat belutsen by oanfarring mei in wettertaksy en lei sûnt dy tiid drûch.
As gefolch fan de oanfarring kamen trije opfarrenden fan de wettertaksy om it libben. Twa waarden fuortendaliks fûn. It lichem fan in tredde man spielde letter oan op de westpunt fan Skylge. In jonkje fan 12 jier wurdt noch altyd fermist.
De Tiger rûn averij op by it ûngelok. Om't it om aluminium-laskwurk gie, duorre it wat langer om te meitsjen. De oerfarder waard ek noch ûndersocht, ûnder oare troch de plysje. Dêrom lei it skip de lêste seis wiken drûch.
De Tiger © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It skip waard woansdei wer te wetter litten. De kommende dagen wurde der noch tests dien. As dy goed útpakke, kin de Tiger dit wykein wer yn de tsjinstregeling meifarre.