'Nije ambulânse foar help oan 'betize' minsken docht fertuten'

De Rapid Responder © Omrop Fryslân
De Regionale Ambulance Voorziening Fryslân (RAV) hat in nije auto foar minsken mei 'ûnbegrepen gedrach': de saneamde Rapid Responder. De wein is swart en 'prikkelearm'. It doel is minsken ta rêst te bringen.
In Rapid Responder is in soart fan ambulânse foar minsken yn in krisissituaasje. Se wurde sjoen as 'betize' om't se ûnbegrepen gedrach fertoane. Dat kin in akute psygoaze wêze, agressyf gedrach of grutte eangst.
Yn it ferline waard de plysje dêrop ôfstjoerd, mar dy koe der net folle mei. As it hiel slim wie, moasten de minsken mei en as der net fuortendaliks plak wie, moasten se sels efkes de sel yn.

Folje in gat op

"Wij vullen dat gat op", seit Hans van de Moosdijk. Hij is sosjaal-psychiatrysk ferpleechkundige by de GGZ Fryslân. Hy rydt al in skoft mei en sjocht dat minsken better holpen wurde kinne. "In zo'n 40 procent van de gevallen kunnen we ter plaatse hulp bieden. Gewoon in de thuissituatie dus. In andere gevallen nemen we mensen mee voor een beoordeling."
Nije, prikkelearme ambulânse foar RAV Fryslan
De ympakt fan de nije ambulânse is folle minder grut, seit projektlieder Evert Boomsma. "Hy sjocht derút as in taksy. Buertbewenners hawwe dan ek net fuortendaliks yn de gaten dat der wat oan de hân is." Van de Moosdijk: "Mensen gaan makkelijk mee. De drempel van zo'n bus is lager."

Minder yn de sel

Mei de ambulânse nimme se de plysjes in soad wurk út hannen. "We ride sûnt 2018. Oan de ein fan dit jier sitte we op twatûzen ritten. Dat is fyftjin oant tweintich kear yn de wike", seit Boomsma. "De plysje is folle minder nedich. Want allinnich dizze, wat anonime auto soarget al foar rêst en helpt minsken om net djipper yn in krisis te sakjen. Se sitte dan ek minder faak yn de plysje-auto en al folle minder faak yn in sel."

Ferlet grutter

Fryslân is de iennige provinsje dêr't mei sa'n soarte fan ambulânse riden wurdt Oare provinsjes binne der wer ôfstapt. "Wy net", seit Boomsma. "We ha de pilot draaid en dy wie suksesfol. Dat hawwe we trochset. We fernimme no ek dat it ferlet grutter wurdt. Dat seit Van de Moosdijk ek: "We worden vaker ingezet. Dat zien we hier bij de Rapid Responder maar ook bij de GGZ-crisisdienst."