Goed 750.000 nammen fan âld-ynwenners Súdwest-Fryslân yn byld brocht

It befolkingsregister fan de eardere gemeente Himmelum © Omrop Fryslân, Casper Slotbooom
Mear as 350 frijwilligers út hiel Nederlân hawwe de befolkingsregisters 1850 -1922 fan de eardere gemeenten yn it gebiet fan Súdwest-Fryslân tagonklik makke. De ynformaasje is te finen op www.allefriezen.nl. Yn augustus stie de teller noch op 500.000.
Ien fan de argyfstikken dy't digitalsearre is, is in twa fûsten tsjok, ynbûn befolkingsregister fan de eardere gemeente Himmelum. De ynformaasje wurdt tagonklik makke troch frijwilligers. Sy type út wat der yn de aktes stiet.
As symboal foar alle frijwilligers dy't meiwurke hawwe, wurdt Rita Heijns út Brabân woansdei op de nasjonale 'Dei fan de frijwilliger' yn it gemeentlik argyf De Tiid yn Boalsert yn it sintsje set. Sy hat 19.311 pagina's ûntsluten.
Ferslachjouwer Casper Slotboom praat mei Rita Heijns
Frou Heijns hat in famyljebining mei Fryslân, mar yn prinsipe kinne minsken rûnom wei meidwaan. Der wurdt wurke op de site velehanden.nl. Dielnimmers kinne harren eigen tiid yndiele en safolle dwaan as se wolle. "Ik ben ooit begonnen met mijn eigen stamboom, om mijn kleinkinderen te vertellen waar ze vandaan komen. Want als ik er niet meer ben, wie vertelt het hun dan? De helft van onze kleinkinderen hebben Friese voorouders."
De Tiid yn Boalsert © Earryt Sijens
De gegevens komme fan de befolkingsregisters fan acht fan de alve eardere gemeenten (oant 1984) fan Súdwest-Fryslân. Dat binne Boalsert, Himmelumer Oldeferd en Noardwâlde, Drylts, Snits, Starum, Wymbritseradiel, Wûnseradiel en Warkum. De befolkingsregisters fan trije oare gemeenten - Baarderadiel, Hinnaarderadiel en Hylpen - binne yn 2014 al digitalisearre.

Martha Atlantica Oceana

Soms kamen der bysûndere nammen nei foaren, lykas de namme Martha Atlantica Oceana. It projekt krige de namme 'Fan wa bisto ien?' en it hat tsien moannen yn beslach naam.
Allefriezen.nl is in webside fan alle Fryske gemeenten en Tresoar. Dêrop stiet in hiel soad ynformaasje oer bewenners fan Fryslân yn eardere tiden. Der stean goed achttjin miljoen nammen op.
Yn it gemeentlik befolkingsregister waard elk húshâlden ynskreaun. Njonken nammen en bertedata en -plakken binne ek adressen, beroppen en tsjerkelidmaatskippen opnaam. Ek eventuele ynwenjende famyljeleden, kostgongers of personiel waarden by de húshâlding ynskreaun. Dêrmei binne befolkingsregisters in weardefolle boarne by tal fan ûndersiken.
Ien frijwilliger waard spesjaal yn it sintsje set
Mei it digitaal tagonklik meitsjen fan de gegevens oer ynwenners fan de gemeente is ûndersyk yn de argiven leechdrompelich wurden foar elkenien dy't mear witte wol oer de skiednis fan Súdwest-Fryslân.