Stijn Lechner moat bewenners belûke by ûndersyk nei Lelyline

Stijn Lechner, direkteur fan de projektorganisaasje Lelyline © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It Ryk en de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân hawwe Stijn Lechner oansteld as direkteur fan de projektorganisaasje Lelyline. Hy hat fan de oerheden de opdracht krigen om ek de bewenners by it ûndersyk nei de spoarline te belûken.
Op it earste bestjoerlik oerlis oer it 'Deltaplan voor het Noorden' yn Meppel is Lechner woansdei as direkteur presintearre troch steatssekretaris Vivianne Heijnen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en bestjoerders fan de noardlike provinsjes.
Lechner is amtner op it ministearje fan Heijnen en wurke earder by de Metropoolregio Amsterdam as programmamanager 'Samen werken aan bereikbaarheid'. Hy wurdt sjoen as de goeie man om it MIRT-ûndersyk nei de Lelyline yn goeie banen te lieden.

Faasje

Neffens Heijnen komt de Lelyline mei de start fan it MIRT-ûndersyk no echt op stoom. "Sinds maandag staat de Lelylijn letterlijk op de kaart in Europa. En ook hier in de regio maken we vaart. We hebben een gezamenlijke projectdirecteur en ik vind het mooi dat we bij het vervolg bewoners nadrukkelijk gaan betrekken."
De kosten foar it fierder útwurkjen fan Deltaplan en MIRT-ûndersyk wurde rûsd op 8 miljoen. Ryk en regionale oerheden diele dy kosten.
De Grinslanner kommissaris fan de Kening René Paas is op dit stuit foarsitter fan SNN, it gearwurkingsferbân fan de noardlike provinsjes. Hy is bliid dat it Deltaplan no fierder útwurke wurde kin, mar seit derby dat it him net allinnich om de Lelyline giet, mar ek om de Nedersaksenlijn tusken Veendam en Emmen.

Ek ferbining mei Noard-Dútslân

De Twadde Keamer stimde tiisdei yn grutte mearderheid foar it fierder útwurkjen fan de plannen foar de Nedersaksenlijn, de spoarline dy't Grinslân, Drinte en Twinte mei-inoar ferbine moat. "In het onderzoek dat nu wordt gestart kijken we hoe economie, woningbouw en een betere bereikbaarheid elkaar kunnen versterken. Het gaat ons hierbij ook om de spoorverbinding met Noord-Duitsland."
Yn it MIRT-ûndersyk sille 'alle tinkbere farianten' besjoen wurde, sadat de bestjoerders letter in juridysk, finansjeel en maatskiplike goeie kar meitsje kinne. It ûndersyk moat op syn lêst yn de hjerst fan 2024 klear wêze. It stribjen is om ek yn dat jier in 'go of no-go'-beslút te nimmen foar in MIRT-ferkenning.