HEA! Harry is gek fan redens en de winter

HEA! Gek fan 'e winter
As lyts jonkje wie er altyd op it iis te finen. No hat Harry Karssies in souder fol mei fan alles wat mei reedriden te krijen hat.
Karssies wol it net in museum neame. Mar syn souder liket wol op in priveemuseum fol mei redens, boeken oer de winter, posters fan iisklups... Benammen de houtsjes fan hiele lytse Fryske redensfabrykjes fynt er tige nijsgjirrich.