Boudewijn de Groot op presintaasje finylalbum mei Fryske covers: "Eervol"

Wobbe van Seijen en Boudewijn de Groot © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De cd 'Boudewijn de Groot yn it Frysk' is no ek op finyl útkaam. De presintaasje wie tiisdei yn Oranjewâld. Op de cd en lp fiere Fryske artysten nûmers fan De Groot út. De sjonger wie nau by it projekt belutsen.
De Groot is drok oan it sinjearjen op de presintaasje fan de finylplaat 'Boudewijn de Groot yn it Frysk'. "Ouderwets, hè?, seit er tsjin Omrop Fryslân-ferslachjouwer Willem de Vries. "Maar het is eervol dat de twee cd's nu op een dubbelalbum vinyl uitgekomen zijn en dan ook nog in de kleuren blauw en rood. Het ziet er schitterend uit."

Van Seijen en De Wolff

De bysûndere útjefte fan 'Boudewijn de Groot yn it Frysk' is in inisjatyf fan platebaas Wobbe van Seijen út Ljouwert en kultuerleafhawwer Cees de Wollf. De nijste release is in dûbeldalbum mei 24 ferskes yn in oplage fan fiifhûndert finylplaten. De presintaasje fan de platen wie tiisdei op Klein Jagtlust yn Oranjewâld.

Passe twa cd's op finylalbum?

De Groot is bliid dat alle nûmers fan de cd's derop stean, want dat is ek wolris in probleem: past it allegearre op in plaat? "Met de techniek van nu is dat te doen. Heel kleine groefjes en dan krijg je alle nummers op het vinyl", laket er.

Yn Ljouwert perst

Dizze plaat is net de iennige fan De Groot dy't op finyl útkaam is. Syn cd Windveren is ek op finyl útkaam.
De wachttiid foar finyl is lang, oardel jier, fertelt De Groot. Hy koe de Fryske plaat wat gauwer regelje troch syn reputaasje en omdat er minsken koe,. "Deze plaat is in Leeuwarden geperst. Misschien dat het daar wat minder druk is."
Keapet De Groot sels ek noch wol lp's? Jawol, seit er. Hy kriget ek el wolris wat, omdat er in soad minsken ken yn dy wrâld.
"Af en toe krijg ik een cd toegestuurd. Een heleboel platen van vroeger heb ik niet meer. Ik ben vaak verhuisd en dan blijft er wel eens een lp ergens achter. Of het wordt te zwaar om alles mee te sjouwen. Als ik nu lp's mis, probeer ik ze ergens te vinden. Gelukkig heb je nog winkels die vintageplaten verkopen."
Boudewijn de Groot
Hy sjocht net mei weemoed werom op it projekt 'Boudewijn de Groot yn it Frysk', omdat it noch net sa lang ferlyn is.
"Ik heb een ontzettend leuke tijd gehad en het was prettig werken met Friese artiesten, muzikanten, zangers en zangeressen." De Groot is tefreden oer de Fryske oersettings fan syn lietteksten: "Het is ontzettend goed vertaald."