Fryske Keamerleden wolle de Fryske taal klinke litte yn de plenêre gearkomsteseal

Romke de Jong wachtet op antwurden © ANP
In groep Fryske Twadde Keamerleden is fan doel om tongersdei Frysk te praten yn de plenêre fergaderseal yn Den Haag om sa mear omtinken te krijen foar de Fryske taal.
It debat giet oer it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK) en is oanfrege troch D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk en Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. Sy fregen it debat oan omdat minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken moannen wurk hie om antwurd te jaan op Keamerfragen oer it Frysk.
De Jong en Van der Graaf hiene op it lêst harren nocht en fregen in saneamd Twaminutedebat oan mei stipe fan oare Fryske Keamerleden as Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry Bevers (VVD).

Rekôr Frysk praten

Om it belang fan it Frysk te ûnderstreekjen, sille Keamerleden as De Jong en syn CDA-kollega Harry van der Molen tongersdei Frysktalige moasjes foarlêze en yntsjinje en dat betsjut dat it Frysk dan folop klinke sil yn de gearkomsteseal, alteast as de foarsitter fan de Twadde Keamer dêr gjin stokje foar stekt.
Dat lêste bliuwt noch wol even spannend, fertelt De Jong. "Yn it reglemint fan it parlemint stiet net dat Frysk prate mei, mar der stiet ek net dat Frysk prate net mei."
Neffens De Jong is yn de Twadde Keamer oant no ta noait mear 'as in pear wurden Frysk achterinoar' sprutsen. Hy tinkt dêrom dat in rekôr Frysk praten yn de Twadde Keamer der wol yn sit. Hy wol sa bydrage oan de bewustwurding dat njonken de provinsje Fryslân ek it Ryk ferantwurdlik is foar de Fryske taal en kultuer.
It Frysk is de twadde rykstaal. It is net allinnich in taal foar achter de foardoar of by it waarm miel, it is ek in respektabele wurktaal.
Sietske Poepjes oer de Fryske taal
Neffens kultuerdeputearre Sietske Poepjes kin Frysk prate yn it parlemint bydrage oan de emansipaasje fan it Frysk en de Fryskpraters. "Dat in groepke Frysksinnige Keamerleden dwers troch alle partijgrinzen hinne it Frysk brûke sil yn de Keamer, is in prachtige ûntwikkeling", seit se.
De deputearre fynt it ek 'de heechste tiid' om it Frysk klinke te litten yn de plenêre gearkomsteseal. "It Frysk is de twadde rykstaal. It is net allinnich in taal foar achter de foardoar of by it waarm miel, it is ek in respektabele wurktaal." Poepjes wol de Keamerleden fan bûten Fryslân oanmoedigje om te besykjen it Frysk te ferstean.
"It Frysk sit tusken it Ingelsk, it Nederlânsk en it Dútsk yn. As je dy talen behearskje, dan moatte je it Frysk in hiel ein neikomme kinne." Poepjes giet sels noch in 'ûndogensk' stapke fierder. "Ek as net-Frysk Keamerlid kinne je dochs je bêst dwaan om in kear Frysk te sprekken?"

Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer

It debat oer it Frysk is tongersdeitemiddei om 15.10 oere en sil ûnder oare gean oer it ûnderwiis fan it Frysk, it Frysk by de rjochtbank en de posysje fan Tresoar. It Ryk wol him weromlûke út Tresoar, de Fryske Keamerleden fine dat soks net kin fanwege de soarchplicht fan it Ryk foar de Fryske taal.
De oanlieding foar it debat is it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, dêr't Ryk en de Provinsje Fryslân takom jier oer ûnderhannelje sille. De Fryske Keamerleden en ek de provinsje fine dat dat nije Bestjoersakkoart wol wat ambisjeuzer mei.
"As it oan my leit, is dit seker net de iennichste kear dat wy yn de Keamer oer it Frysk prate", seit De Jong. "Wat my oanbelanget, komt it ûnderwerp wer werom yn de Keamerkommisje foar Ynlânske Saken."
It Keamerdebat is tongersdei fan 15.10 oere ôf streekrjocht te folgjen op de webside en app fan Omrop Fryslân.
Minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes liet by it útsprekken fan de Rede fan Fryslân yn Ljouwert earder al wite dat se wiis is mei it inisjatyf fan de Fryske Keamerleden foar in debat oer it Frysk.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok is fan doel om it debat by te wenjen yn de Twadde Keamer. Poepjes kin der net by wêze fanwege oare ferplichtingen.