Luuk Wouda hat it nei it sin op it tichtbefolke Malta: "Ik wie ta oan wat nijs"

Luuk Wouda © Omrop Fryslân
Luuk Wouda fan Surhuzum wennet yn ien fan de tichtstbefolke lannen op 'e wrâld: Malta. Hy bliuwt him Frysk fielen, mar fielt him ék hielendal thús op it Europeeske eilantsje.
Mei sels yn de winter gjin botte kjeld is it waar ien fan de redenen dat Luuk it noch hieltyd nei de sin hat. Sân jier lyn ferhuze er nei Malta. "Ik wie ta oan wat nijs", seit er. "Ik siet lang yn itselde krinkje, alle kearen siet ik earne en betocht ik my dat it al 10 of 15 jier sa wie."
Op in bepaald stuit siet er sûnder wurk. "Ik tocht: as ik wat wol, dan moat ik it no dwaan." Hy koe yn Malta oan de gong as klantenservicemeiwurker by in online casino en dat kaam moai út: hy hie al jierren ûnderfining mei 'customer service'.

Net samar werom

"Ik ha it besocht en it wurk lei my wol. Earst wie alles hjir nij, mar no nei sân jier is alles gewoaner. Ik ha hjir no in frou en in bern." De 41-jierrige Surhuzumer is op Malta troud mei Carina, en hie as betinkje oan Fryslân mansjetknopen mei Fryske flaggen derop op 'e klean.
Hy fielt him dus thús op it eilân, mar fernimt ek dat er no minder gau op en del nei Nederlân giet. "Earst koe ik nei Nederlân wannear oft ik woe, no ha ik in frou en bern, dus ik sit wat mear fêst. Mar dat is ek wol logysk."
Fan bûtenôf binne se wat stoer, mar ast derby hearst is elkenien famylje en freonen.
Luuk Wouda oer Maltezers
De eilânbewenners binne neffens Luuk freonlik, mar al wat sleatener as Friezen. "Moatst se in bytsje kennenleare. Fan bûtenôf binne se wat stoer, mar ast derby hearst is elkenien famylje en freonen. It bliuwt wol wat oerflakkiger, komst net gau by minsken thús of sy by dy. Dat is wol oars as yn Fryslân."
Ek binne de minsken net sa direkt, hat er fernommen. "De Friezen binne fan 'ja is ja' en 'nee is nee'. Hjir dogge se alles om it mei dy iens te wêzen, mar se prate in bytsje om it praten."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Dochs tinkt er dat er noch wol in skoftke op syn plak bliuwt. "It is hjir in protte beton, net echt frisse natuer. It rint wat efter, mar dêr moatst dy oerhinne sette." De minsken binne wol ûntspannener, it komt wat minder krekt. "En minsken sizze gauwer 'wy geane lekker te iten en te drinken'."

Wat oars

Heit en mem yn Fryslân sjocht er noch gauris. "Sy hienen doedestiids wol troch dat ik net altyd lekker yn myn fel siet. Ik kom út in húshâlding fan fiif bern. Dy wienen allegear it hûs al út."
Hy fertelt dat syn âlden tsjin him seinen dat er mar gewoan gean moast. "En as it net befalt, hast hjir altyd in plak, seinen se."
Luuk besiket ien of twa kear yn it jier werom nei Fryslân te gean. "Us heit en mem komme ek noch twa kear yn it jier hjirhinne, sa sjochst inoar dochs noch wol."