Mearderheid Steaten wol dupearden fan fundearringsskea fergoedzje

Skuorren yn de muorren yn Spangea © Rob de Wind
In mearderheid yn Provinsjale Steaten stipet in plan fan de PvdA, FNP en GrienLinks foar in finansjele regeling foar minsken mei fundearringsskea yn it feangreidegebiet. Under oare de folsleine koälysje yn de Steaten stiet achter it plan.
Minsken mei skea kinne troch it plan maksimaal fjirtich persint fan har skea fergoede krije mei in maksimumbedrach fan 40.000 euro.
Dat jild komt út in fûns dat de provinsje opsette moat. Dêr wurdt ien miljoen euro yn stoart en alle jierren oanfolle, oer in perioade fan fiif jier. De partijen hoopje sa de minsken dy't yn noed sitte om't har hûs letterlik fuortsakket te helpen.
De finansjele dekking moat fûn wurde yn jilden fan it Ryk. Under oare de gemeente Weststellingwerf ropt dêrta op.
Mearderheid Steaten wol dupearden fan fundearringsskea fergoedzje
Omdat it giet om skea troch in ferleging fan it wetterpeil, leit de ferantwurdlikens by de provinsje, it Wetterskip Fryslân en sân gemeenten yn it gebiet. Sy ha in ûnôfhinklike kommisje frege mei útstellen te kommen oer hoe't de skea it bêste oanpakt wurde kin.
Dy groep, de fundearringstafel, kaam yn in rapport mei trije oanbefellings. Dêr wurdt en waard dizze perioade yn de ferskillende bestjoerslagen oer praat.
Dat de noed by guon dupearden heech is, die wol bliken by de ynsprekkers fan de fergadering fan it algemien bestjoer fan it Wetterskip. Ellen Dekker út Spangea sketste dêr hoe't har hûs fuortsakket. Se lei út dat in opknapbeurt net te beteljen is en dat de wearde fan it hûs ferdampt wêr't se by stiet.
Angst en radeloosheid zullen langdurig aanwezig zijn. Dat leidt tot stress en dus een toename van medische problemen.
Ald-húsdokter Leonhard Beijderwellen foarseit in situaasje sa as yn Grinslân
Ald-húsdokter Leonhard Beijderwellen, lid fan de fundearringstafel, makke de ferliking mei minsken dy't ierdbevingsskea ha yn Grinslân. "Het feit dat er geen subsidie beschikbaar is, zal ervoor zorgen dat we op weg zijn naar de situatie in Groningen: een eindeloos slepend conflict mei veel onderzoek en langdurige juridische procedures en een uiteindelijk niet betalende overheid. Angst en radeloosheid zullen langdurig aanwezig zijn. Dat leidt tot stress en dus een toename van medische problemen."
It útstel fan de Steatefraksjes moat dy stress en medyske problemen foarkomme. "Zoals het er nu uitziet, gaan wij hetzelfde doen", seit Henk Mulder fan de wetterskipsfraksje fan de PvdA. "Het betekent een eerste beweging richting een oplossing."
Dat tinkt ek FNP'er Bram Bonnema: "Ik tink dat wy rjocht dogge oan de situaasje dêr't minsken yn telâne kaam binne. Ik tink dat wy as oerheid dy ferantwurdlikens nimme moatte. It Wetterskip en Provinsjale Steaten sitte neffens my op ien line."
De fergadering fan it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It CDA hâldt yn it wetterskipsbestjoer in slach om de earm, seit Theunis Holtrop: "It is besprekber. We wolle mei ús allen ta in oplossing komme. Dit útstel kin dêr ûnderdiel fan wêze. Miskien binne der ek noch oare oplossings, mar der binne noch in soad fragen. Bygelyks: hoe geane je om mei minsken dy't har fundearring al opknapt ha?"

Net fier genôch

Jan Dogterom fan 50PLUS fynt dat fjirtich prosint skeafergoeding net fier genôch giet. "Ik denk dat wij hier in it Wetterskip nog wel naar fifty-fifty kunnen gaan. Maar de stap die nu gezet wordt is een grote."
Oant no ta stelle de bestjoeren fan it Wetterskip en de provinsje har ôfhâldend op. Dat hat benammen te krijen mei de juridyske konsekwinsjes. Yn in earste reaksje op de útstellen fan de fundearringstafel waard dan ek net praat oer jild. Wol dat se twa oare oanbefellings graach oernimme: bettere foarljochting en de ynrjochting fan in loket dêr't de skea makliker en better meld wurde kin. No lizze der útstellen foar finansjele kompensaasje.

Ofwachtsje wat de provinsje docht

Deistich bestjoerslid Frank Jorna fan it Wetterskip hâldt him ek op de flakte: "Ik wol de behanneling yn de provinsje ôfwachtsje. Dan moatte we mei de gemeenten, provinsje en de eigen organisaasje om tafel om te sjen wat kin. As it oannaam wurdt, moatte we sjen oft it juridysk helber is. Dat is hiel ferfelend foar de minsken wa't it oangiet, mar dêr moatte wy nei sjen."
Hjoed prate de Steaten oer it advys fan de fundearringstafel. Op 21 desimber wurdt offisjeel stimd oer it útstel foar it fûns.