Dit is wat Fryslân yn 2022 opsocht op Google

De oarloch yn Oekraïne behearske yn 2022 it nijs en dat is ek goed werom te sjen yn termen wêrnei't in soad socht is op Google. 'Oekraïne' stiet nammentlik op ien bij de 'top trending syktermen' fan ús provinsje.
Trending betsjut dat der mear socht is op in bepaalde term as yn it jier dêrfoar. It is dus net perfoarst it meast opsochte ûnderwerp fan 2022.
Piet Paulusma
Yn de Fryske list stiet streamingstsjinst Viaplay op it twadde plak. By Viaplay kinst films, searjes en sport besjen. Sûnt begjin dit jier is ûnder oare de Formule 1 dêr streekrjocht te sjen.
Op it tredde plak komme we Piet Paulusma tsjin. De waarman ferstoar yn maart fan dit jier. Paulusma stiet ek yn de top 10 fan de provinsje Grinslân.
De folsleine top 10 fan Fryslân
Plak | Wat Fryslân googele | Lanlik |
1. | Oekraïne | Oekraïne |
2. | Viaplay | Jeroen Rietbergen |
3. | Piet Paulusma | Viaplay |
4. | Jeroen Rietbergen | Ali B |
5. | Programma Olympische Spelen | Testen voor toegang |
6. | Pathé Leeuwarden | Jeffrey Dahmer |
7. | Olympische Spelen | Wordle |
8. | Jeffrey Dahmer | Queen Elizabeth |
9. | Queen Elizabeth | HBO Max |
10. | Ali B | Quarantaine regels |
It nijs hat dúdlik in grutte ynfloed op de trending syktermen. Sa hawwe twa termen yn de Fryske top 10 te krijen mei de misstannen by The Voice of Holland (Jeroen Rietbergen en Ali B). Ek Queen Elizabeth, de Ingelske foarstinne dy't dit jier ferstoar, stiet op de list.
Fierder hawwe Friezen nei alle gedachten manmachtich foar de telefyzje sitten foar de Olympyske Winterspelen yn Beijing. Likegoed 'Programma Olympische Spelen' as 'Olympische Spelen' steane yn de top 10.
Ek de bioskoop wie populêr by Friezen, ôfgeande op de hege klassearring fan 'Pathé Leeuwarden'. Dy gong ein ferline jier iepen.
Yn 2021 bestie de top trije út 'Peter R. de Vries', 'EK 2021' en 'Sneeuwradar'.