KAART: Hast alle opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen yn Fryslân sitte fol

Oekraïners yn Fryslân dy't de ûnôfhinklikheidsdei fierden en tank sizze foar de opfang © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De provinsje Fryslân fangt op it stuit sa'n 2400 Oekraynske flechtlingen op. Dêrmei wurdt hast de folsleine kapasiteit fan alle gemeentlike opfangplakken brûkt.
De bedoeling is dat der begjin takom jier 3100 opfangplakken binne. Dat binne dan 1100 mear as fan it simmer. By it tal opfangplakken wurde inisjativen fan partikulieren, dy't op eigen manneboet Oekraïners yn 'e hûs opfange, net meirekkene.
Omdat de oarloch net foarby is en der alle dagen per saldo sa'n tsien flechtlingen by komme, giet de syktocht nei nije opfangplakken troch. Yn trochsneed komme der yn Fryslân ek alle dagen tsien opfangplakken by. "We lopen wat dat betreft dus in de pas", seit wurdfierder Derk Moor fan de Veiligheidsregio.
Yn guon gefallen ha gemeenten op papier noch in pear lege plakken, mar dat betsjut net dat dy plakken noch beskikber binne. As der bygelyks in gesin fan trije minsken yn in keamer foar maksimaal fjouwer persoanen sit, is dat op papier ien leech plak. Mar dat lege plak wurdt dus net ynfolle.
Mei de 3100 plakken dy't der yn it earste fearnsjier fan 2023 binne, hopet de Veiligheidsregio oan de fraach te foldwaan. "Maar als er meer nodig is, dan horen we dat vanuit de landelijke overheid en dan gaan we daarmee aan de slag."
Wêr't de ekstra plakken eventueel komme moatte, is net bekend. Wol is it tal opfangplakken yn in gemeente relatyf oan it tal ynwenners dêrfan.