Fyftjin kealtsjes omkaam by stâlbrân yn Elslo

© ANP
By in brân yn in stâl yn Elslo binne sa'n fyftjin kealtsjes om it libben kaam. In noch grutter tal bisten is by de brân wol rêden.
De brân bruts út om likernôch twa oere fannacht. De brânwacht wie gau teplak en koe foarkomme dat de grutte stâl folslein ôfbrânde. Foar fyftjin kealtsjes wie it net genôch.
Der lei ek asbest op de brânende skuorre, dêrom is it asbestprotokol start. Dat moat skea oan it miljeu foarkomme.
Nei sa'n oardel oere joech de brânwacht it sein 'brân master'.