Dochs hoop foar nachtlike wettertaksy: 'Mooglikheid foar ûntheffing moat ûndersocht wurde'

In boat fan Veltman © ANP
De Twadde Keamer hat tiidei in moasje fan BoerBurgerBeweging-foarfrou Caroline van der Plas oannommen wêryn't pleite wurdt om der alles oan te dwaan om foar te kommen dat nachtlik ferfier fan It Amelân ferfalt.
Veltman Marine Services kundige koartlyn oan fan 1 jannewaris 2023 ôf op te hâlden mei it ferfier fan persoanen as it tsjuster is. Veltman soe gjin fergunning krije om de tsjinst fuort te setten.
Veltman fersoarge al 30 jier in sneltsjinst tusken it eilân en de fêste wâl. Se wienen 24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike en 365 dagen yn it jier te berikken. Fan it nije jier ôf soe dit allinnich noch tusken sinne-opgong en sinneûndergong wêze foar oertochten.
Yn har moasje stelt Van der Plas: "Dat dit grote consequenties heeft voor de leefbaarheid en gezondheid van veel Amelanders." Yn de Twadde Keamer koe de moasje rekkenje op stipe.
Yn oerlis mei wettertaksybedriuwen en gemeenten moatte de mooglikheden foar in ûntheffing by nachtlik farren foar spesifisearre tsjinsten ûndersocht wurde.