Alden bliid mei advys soarchautoriteit oer spesjalisearre hertsoarch

Leanne oan it boartsjen © Omrop Fryslân
Alden fan bern dy't spesjalisearre hertsoarch nedich hawwe, binne bliid mei it krityske rapport fan de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) oer sluting fan it bernehertsintrum yn it UMCG.
Mei in petysje besochten se it ôfrûne jier al om de bernehertsoarch foar it sikehûs yn Grins te behâlden. De eardere minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge woe de bernehertsoarch fuorthelje út de regio en konsintrearje yn Rotterdam en Utrecht en dat smiet in soad wjerstân op fan pasjinten en medisy.

"Bij haar telde elke minuut"

Bygelyks by Bjorn Graafstra. Hy lit in deiboekje sjen wêryn't syn frou en hy stikjes skreaun ha foar en nei de operaasje fan harren dochterke Leannne. "Bij haar telde elke minuut, dus in die zin was het heel fijn dat het UMCG in de buurt zat", seit de jonge heit.
It hie net folle skeeld of it dochterke fan Graafstra hie it net helle. Doe't Leanne noch mar fjouwer dagen âld wie, moast se akút operearre wurde en dat koe yn it hertsintrum fan it UMCG.
Alden binne bliid mei it krityske rapport fan de NZa
Op foto's is te sjen dat Leanne oan in soad apparaten leit op de IC. "Een pennetje voor hersenactiviteit, haar handen zitten vol infusen, voor zowel medicatie als de bloeddrukmeting", seit Graafstra.

"Je hebt een band met het UMCG"

It hat har libben rêden. Mar dêroer neitinke, ropt in soad emoasjes op. Graafstra: "Het is toch je kind. Er moet geopereerd worden. Wat is er dan aan de hand? Er zijn zoveel onzekerheden op dat moment. Doordat het UMCG er ook bij zat, hebben we haar hier vandaag ook zo fijn nog rondlopen."
Leanne is no hast twa jier âld. It is in fleurich en sûn berntsje. Bjorn Graafstra en syn frou hoege net mear foar yngrepen nei it UMCG mei harren dochterke, mar tinke ek oan oare âlders dy't wol nei it sikehûs ta moatte. Graafstra begrypt hiel goed dat se net dêrfoar nei it midden fan it lân ta wolle.
"Je hebt toch een bepaalde band met het UMCG. Je vertrouwde gevoel zit toch bij het ziekenhuis waar je hebt gelopen." Graafstra hopet dan ek dat minister Kuipers sjocht nei oare mooglikheden as it plan foar it sintralisearjen fan de hertsoarch dat der no leit.

Stipe yn 'e rêch

Ek foar Hilly Linstra út Drachten, ien fan de âlden fan in hertpasjint, fielt it advys fan de NZa as stipe yn 'e rêch. "Se sizze no sûnder mis: dit beslút absolút net dwaan en as jim it wol dogge, dan betsjut dat direkt wat foar alle bern yn Noard-Nederlân."
Se hopet dat minister Ernst Kuipers it advys fan de soarchautoriteit opfolgje sil. "Hy kin der dochs ek hast net omhinne? Hy hat sels frege om in ûnôfhinklik advys, dat hat er no krigen. Dêr is no hiel dúdlik út nei foaren kaam wat it betsjut foar alle bern. Dan kinne je dochs net yn ien kear no noch sizze: ik sil dochs in oar beslút nimme? Dat soe hiel gek wêze yn myn eagen."
Hilly Linstra oer it rapport fan de NZa
Eduard Verhagen, haad fan it Beatrix Kinderziekenhuis yn it UMCG is ferromme mei it advys: "Waar we heel blij mee zijn is dat de argumenten die steeds door ons genoemd zijn, herkend en erkend worden in het rapport. Sterker nog, in het rapport wordt duidelijk dat er echt risico's zijn als je de hartzorg weghaalt uit het Noorden."
It sluten fan it bernehertsintrum soe de tagong ta akademyske soarch yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel ferminderje. Sûnder de hertsjirurgen fan it UMCG kinne sikehûzen yn it noarden net mear holpen wurde yn de soarch, wêrtroch't de kwaliteit efterút giet, seit de NZa.
Eduard Verhagen, haad Beatrix Kinderziekenhuis yn it UMCG © Omrop Fryslân
Dêrneist is it UMCG yn Grins ekspert op in soad saken. Bygelyks by long- en levertransplantaasjes. Benammen by pulmonale hypertensie. Dat is in longoandwaning dy't by de helte fan hertpasjinten foarkomt. Dêrfoar soene pasjinten dan nei it bûtenlân moatte.
Dus liket it der hast op dat de minister net oars kin as it UMCG iepen hâlde: "Ik zou willen dat het zo makkelijk gezegd kan worden", seit Verhagen, "Het rapport is wel belangrijk, het is op verzoek van de minister gemaakt. In dat geval ziet het er voor Groningen en het noorden goed uit. Maar het is per slot van rekening wel het besluit van minister Kuipers. Hij laat zich niet in de kaarten kijken op dit moment."