Learlingen Friese Poort meitsje sâltleaze lunsj foar nierpasjint

Ilja Vermunt is nierpasjint © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Sâlt moat sa gau as mooglik út ús iten wei, seit de Nierstichting. Mei de Friese Poort fersoarge de stichting tiisdei in sâltleaze lunsj op de Slotpleats yn Bakkefean.
It libben fan Ilja Vermunt feroare folslein doe't hy nierpasjint waard . Hy skoot in stoel oan in lange tafel. Om him hinne sitte sa'n tweintich minsken te wachtsjen op de lunsj. Ilja krige yn maaie te hearren dat hy nierpasjint wie. Hy hat de sykte fan Berger wêrtroch't syn nieren hieltyd minder wurde.
Hy moat goed tinke om it iten fan sâlt. "Dat went eigenlijk nooit en het zout uit de keuken laten, is een uitdaging. Ik was altijd behoorlijk makkelijk met koken en maakte snel eten klaar. Dat is nu anders want je moet goed letten op alles wat je binnenkrijgt", fertelt hy.
"Twee weken geleden lag ik op de intensive care en moest ik plotseling aan mijn buik geopereerd worden. Het leven is compleet anders."
Op tiisdei is der yn de Slotpleats in lunsj foar sa'n tweintich gasten. Dy wurde bypraat oer de gefolgen fan nierskea. Op it menu steane allegear gerjochten sûnder sâlt. "Mensen eten gemiddeld acht gram zout per dag", seit Beatrix van Hijum fan de Nierstichting.
Sy stride al jierren foar in sâltearm dieet. De nieren soargje derfoar dat de ôffalstoffen út it bloed helle wurde. Te folle skansearret de nieren. "Het tast de nieren aan en zorgt voor een hoge bloeddruk. De nieren kunnen de afvalstoffen niet meer uit het bloed halen en je wordt langzaamaan vergiftigd. Een mens heeft normaliter twee nieren, waarvan eentje het voor 30 procent moet doen. We hebben dus veel marge maar zodra die weg is, gaat het snel. Dat zien we aan het verhaal van Ilja."
De lunsj op de Slotpleats yn Bakkefean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De learlingen fan de koksoplieding fan de Friese Poort wurde wach makke op it itensieden sûnder sâlt. Dochs sit it wol yn in soad iten ferwurke. "Je moet in de winkel de pakjes vergelijken", seit dosint Gerard Voskuilen.
"Het ene product heeft meer zout dan het andere. Daarnaast kun je zelf ook heerlijk zoutarm koken. Wij doen dat door bijvoorbeeld kruiden of specerijen te gebruiken. Je krijgt zo een menu op tafel dat niet alleen lekker is, maar ook nog eens hartstikke gezond. Dat proberen we de leerlingen mee te geven."
Learlingen fan de Friese Poort © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Foar Ilja brekt de kommende perioade in spannende tiid oan. Hy sjocht lykwols posityf nei de takomst. "Als ik een nieuwe nier krijg, kan ik weer meedraaien in de maatschappij. Ik kan niet wachten om weer aan het werk te gaan. Hopelijk kan dat in de toekomst."