Beswieren tsjin lokaasje flekswenten by A7 op De Jouwer

It plak dêr't gemeente De Fryske Marren flekswenten delsette wol en de buert in grien plan foar makke hat © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Om oan it grutte ferlet fan flekswenten te foldwaan, set de gemeente De Fryske Marren yn op 150 stiks by De Jouwer, op it plak dêr't earst de rotonde yn de sneldiken A7 en A6 lei.
Omwenners hawwe der lykwols beswier tsjin, want op dat plak hawwe sy plannen makke foar in 'griene long'.
Nei't de sneldyk ferlein waard, makke in oantal ynwenners fan De Jouwer har griene plan. "De bedoeling is dat it in ferfolch wurdt op it Roazebosk en dat it stadichoan oergiet fan bosk nei wat in iepener lânskip, leit planmakker Siska Vierstra út.
"En dat dêr libellefivers, paden en in hûne-útlitplak komme, sadat it in moaie, griene sône wurdt. En dat it oanslút op allegear griene sônes dy't we fierderop hawwe."
De plattegrûn fan de griene long © Omrop Fryslân
Mar doe kaam de gemeente De Frysk Marren ynienen mei har plan foar 150 flekswenten op itselde plak. "Dat kaam ús al wat oer it mad", seit mei-plannemakker Esther Beneker. "Wy hienen in pear jier lyn al oankundige dat we mei plannen komme soenen. Dus dit kaam ûnferwachts."
De plannen ha se taljochte yn in flyer dy't yn de buert ferspraat is en op in soad stipe fan de bewenners rekkenje kin. Se krigen in pear hûndert positive reaksjes foar it griene plan. "As dat hjir makke wurdt, dan betsjut dat hiel wat foar ús libbensomjouwing", seit buertbewenner Piet Plantinga.
"En it is in grut ferskil of we hjir in moaie, griene sône krije, dêr't je gebrûk fan meitsje kinne as bewenner of dat hjir in rige fan 150 huzen komt."
Beswieren tsjin lokaasje flekswenten by A7 De Jouwer
Woansdeitejûn meitsje de inisjatyfnimmers beswier by de gemeenteried tsjin it flekswenteplan. Se sille de gemeente freegje om mei in nij en goed ûnderboud plan te kommen dêr't draachflak foar is. En bygelyks ferspraat oer tsientallen doarpen, want de inisjatyfnimmers binne hielendal net tsjin flekswenten.
Neffens de gemeente is dit plak krekt hiel geskikt foar flekswenten om't de gemeente eigener is fan de grûn en se dêrom fluch bouwe kinne om wat oan it wenningtekoart te dwaan.