WoonFriesland nimt taken fan wenningkorporaasje Habion oer yn Swettehiem yn Ljouwert

Swettehiem © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Wenningstichting WoonFriesland nimt de taken fan wenningkorporaasje Habion oer yn Swettehiem yn Ljouwert. Dat meldt it kolleezje fan B en W yn in brief oan de gemeenteried.
Troch de oerdracht kinne de bewenners de kommende tsien jier yn it wensintrum wenjen bliuwe ûnder deselde betingsten as by Habion.
Yn earste ynstânsje bea WoonFriesland te min om Swettehiem oer te nimmen, mar no is it dus dochs rûn. It kolleezje is dêr bliid mei, want der soe in soad fraach wêze foar wenten foar minsken mei ferlet fan soarch. De gemeente sil dêrom mei wen- en soarchorganisaasjes in wensoarchfisy opstelle, wêryn't takomstige plannen op dit mêd beskreaun wurde.

Spul tusken de gemeente en Habion

Dizze simmer ûntstie der spul tusken de gemeente en de eardere eigener Habion. De korporaasje woe Swettehiem ferkeapje om't de fraach nei húsfesting foar âlderein weromrûn yn Ljouwert.
"Wij willen Swettehiem verkopen, omdat we gespecialiseerd zijn in ouderenhuisvesting. We zien dat de laatste tijd zich minder ouderen melden voor Swettehiem. Met de bewonerscommissie hebben we nu ook wat jongeren gehuisvest. Dat is niet onze doelgroep", sei direkteur Peter Boerenfijn fan Habion earder tsjin Omrop Fryslân.
Neffens him sil de fergrizing yn 2040 grutter wêze yn oare gebieten yn Nederlân en dus woe it bedriuw him rjochtsje op oare plakken bûten Fryslân.
De 150 bewenners fan Swettehiem krigen doe in brief wêryn't de ferkeap oankundige waard. De gemeente wie ûntefreden oer dy kommunikaasje. Boppedat wie Ljouwert der net fan op de hichte dat Habion it gebou iepenbier te keap sette soe.

Wyk fierder ûntwikkelje

No't WoonFriesland yn it gat sprongen is, betsjut dat neffens it kolleezje kânsen foar ynwenners fan de wyk Westeinde. It kolleezje wol it gebiet om Swettehiem hinne fierder ûntwikkelje.
Om dat mooglik te meitsjen, sille de gemeente en WoonFrieslân grûn útruilje. Der sil yn elts gefal ynset wurde op it ferfangen fan de besteande bebouwing foar nijbou.
De ried moat noch wol syn goedkarring jaan oer de plannen.