Acht jier sel easke tsjin man dy't âld-Cambuurspiler Hoefdraad deaskeat

Justysje © Shutterstock.com
It Iepenbier Ministearje easket acht jier sel tsjin de 36-jierrige man dy't âld-Cambuurspiler Jergé Hoefdraad yn augustus ferline jier delskeat. De eks-fuotballer waard troch syn holle sketten by in feest yn in bedriuwspân yn Amsterdam-Zuidoost.
Hoefdraad ferstoar in pear dagen letter oan syn ferwûningen. De fertochte seit dat it in ûngelok wie. De offisier fan justysje seit lykwols dat de fertochte bewust in gefaarlike situaasje kreëarre hat troch mei dat wapen op in drokbesocht feest te kommen.
Jergé Hoefdraad spile goed 250 wedstriden yn it betelle fuotbal. Hy spile tusken 2015 en 2017 by SC Cambuur en stie yn acht earedivyzjewedstriden yn it shirt fan de Ljouwerters op it fjild. Cambuur spile ferline jier al in wedstriid mei roubannen fanwege de dea fan de âld-spiler.