HEA! De heechstambrigade fan Raerd

HEA! De heechstambrigade
Yn Raerd is de heechstambrigade aktyf. Under lieding fan Bonne Bruinsma fan Landschapsbeheer snoeie de frijwilligers in tal fruitbeammen.
Nei oanlieding fan in fruitbeammeprojekt yn Raerd ha frijwilligers harren opjûn foar in snoeikursus. De leafde foar benammen âlde fruitbeammen nimt wol in belangryk plak yn by dizze ploech. Mar it bûten wêzen, de gesellichheid en it bakje kofje mei elkoar, meitsje it noch moaier.