Foppe de Haan jout enerzjykompensaasje oan VV Akkrum: "Sport moat trochgean"

Foppe de Haan © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Foppe de Haan hat syn enerzjykompensaasje jûn oan fuotbalklup VV Akkrum. Dêrmei slút de Hearrenfean-ikoan him oan by in rige fuotballers lykas Robin van Persie, Frank de Boer en Theo Janssen.
Guon sportklups hawwe it dreech troch de hege gasprizen. Neffens it programma Even Tot Hier fan BNNVARA is de kompensaasje fan it Ryk net foldwaande. Dus skeakelen de programmamakkers pommeranten yn om de amateurklups te stypjen.
"Ik fûn it wol in ludike aksje fan de hearen op telefyzje", seit De Haan. "Ik bin hjir by VV Akkrum kaam as gymnastyklearkrêft doe't ik noch jong wie. Hjir bin ik ek begûn as trainer. As ien klup it dan fertsjinnet, is dat om my VV Akkrum."
Foppe de Haan by de fuotbalferiening fan Akkrum
De Haan hearde sels dat de klup wol wat stipe brûke koe. "Myn buorfrou is ponghâlder fan dizze klup. Sy sei dat it wol wat dreech is. De klup betsjut in soad yn it doarp en hat in belangrike funksje. Dy moat trochgean."
It Hearrenfean-ikoon waard frege troch de redaksje fan Even Tot Hier. "Ik ha der alris earder west, dus se kenne my wol. Ik krige in appke oft ik meiwurkje woe. Ik krige in tekst, dy haw ik wat oanpast. By de wedstriid fan myn pakesizzer yn Langsweagen haw ik in frou frege oft sy it wol filmje woe. Dat wie moai!"
Foarsitter Egbert Rorije fan VV Akkrum © Omrop Fryslân, Casper Slotboom

Bliid

Foarsitter Egbert Rorije fan de fuotbalferiening fûn it moai om te hearren dat De Haan syn stipe jaan woe. "Wy ferbrûke kwa gas al sa'n sân- à achttûzen euro yn 't jier ekstra troch de hegere prizen. We binne dan ek bliid mei de bydrage fan Foppe, want alle bytsjes helpe."
De klup hat noch wol wat jild yn kas. "Us ponghâlder, de buorfrou fan Foppe, is in goede ponghâlder. Dus wy hawwe wol wat jild op de bank stean en kinne noch hieltyd de dingen dwaan dy't wy dwaan wolle. Mar we wolle graach de jongerein hâlde. Dan hoopje je dat se sporten bliuwe."
De klean wurde ek ferkocht yn de kantine © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
En dat is soms dreech. By it ynbarren fan de kontribúsje fan oktober kaam nei foaren dat guon âlden dy net sa mar betelje koene. "Der binne trajekten start mei Stichting Leergeld, dus dêr wachtsje wy no noch op. We hawwe der begryp foar en wy dogge dat fansels yn goed betrouwen."
De klup wol graach helpe dêr't dat kin. "De ponghâlder is no ek beskikber as betrouwenspersoan. Wy hawwe hjir de wrâld oan fuotbalskuon en -sokken stean. De bern, dy't groeie as koal, kinne dêr gebrûk fan meitsje."
Sport moat sa goed as mooglik trochgean, just as it dreech is.
Foppe de Haan
De Haan fynt de aksje in goed statement nei de polityk ta. "Se moatte yn Den Haag goed yn de gaten hawwe dat dy amateurklups it troch de omstannichheden ferrekte dreech ha. Sport is ferrekte belangryk. Om je ding te dwaan, om te bewegen. It moat sa goed mooglik trochgean, just yn in tiid wêryn't it sa dreech is. As ik nei mysels sjoch, fyn ik it in yngewikkelde tiid. As je dan lekker sporte kinne, is dat wichtich foar de fysike en mentale sûnens."